Springe nei ynhâld

Spoar fan Almelo nei Salzbergen

Ut Wikipedy
Spoar fan Almelo nei Salzbergen
Spoar fan Almelo nei Salzbergen op de kaart
Totale lingte54,5 km
Oanlein trochAS
Iepene18 oktober 1865
hjoeddeistige statusyn gebrûk
Elektrifisearre
Almelo - Oldenzaal: 1951
Oldenzaal - Salzbergen: 1976
Tal spoaren2
Baanfakfaasje
Almelo - Hengelo: 130
Hengelo - grens: 125
grens - Bad Bentheim: 130
Bad Bentheim - Salzbergen: 140
Befeiliging
Almelo - Bad Bentheim: ATB EG
Bad Bentheim Grins - Salzbergen: PZB
omgrinzingsprofyl
Almelo - Grins: OPS-NL / G2
Grins - Salzbergen: GC
BeladingsklasseD4
Treintsjinst troch
Almelo - Hengelo: NS, Arriva (Blauwnet)
Hengelo - Oldenzaal: Arriva (Blauwnet), Eurobahn
Bad Bentheim - Salzbergen: Eurobahn
Almelo - Salzbergen: NS, DB, Eurobahn
Trajekt
v-STR spoar fan Swol
spoar fan Dimter
vÜST spoar fan Mariënberg
vBHF-DST 0,8 Almelo
vSHI2g+l-
dCSTR Almelo ferdjipt
dBHF 2,7 Almelo de Riet
dWBRÜCKE1 Weezebeek
deHST 7,1 Zenderen
dBHF 10,1 Borne
dSKRZ-Ao A1E30
edABZq+rvSTR+r-STRd spoar fan Sutfen
dENDExavÜSTd
exdSHI2+ldSHI2gxr+ldSHI2grvSTR-d
exdSTRdDSTvBHF 15,4 Hengelo
exdBHFvÜSTlvSTR-d Hengelo GOLS
exdSTRdBSTvÜST
exdSTRrvÜSTlvSTR-d spoar nei Doetinchem opbr.
vSTRrvSTR- spoar nei Glanerbrug
dBHF 17,2 Hengelo Oost
dSKRZ-Au A1E30
evSTR+r-STR tramwei fan Gronau opbr.
spoar fan Boekelo opbr.
vexBHF-STR Oldenzaal EO
devÜSTruexdSTR+l tramwei fan Denekamp opbr.
dvDST-BHFuexdHST 26,2 Oldenzaal
v-STR +
uexv-SHI2r + vSTR-
v-SHI2g+r
dSKRZ-Ao A1E30
dWBRÜCKE1 Dinkel
dGRENZE
33,5
21,8
grins Nederlân - Dútslân
deBHF 16,7 Gildehaus
dKRZudSTR+r spoar fan Gronau alinne fracht
dv-SHI2grdSTR
dvBHF-DSTdSTR 13,7 Bad Bentheim
v-STRvÜSTl
dvSTRdDST Bad Bentheim Nord
dv-SHI2g+rdSTRl spoar nei Coevorden alinne fracht
dBHF 9,3 Schüttorf
dWBRÜCKE1 Oeriselske Fecht
dSKRZ-Au 31
dABZg+ldABZq+l spoar fan Emden Rbf
vBHF 0,0 Salzbergen
v-SHI2g+r spoar nei Hamm (Westf)

It spoar fan Almelo nei Salzbergen is in spoarwei yn Oerisel en it Dútske Nedersaksen, mei in langte fan 54,5 km. De spoarwei wie ree yn 1865. De line is oanlein troch de Spoorweg-Maatschappij Almelo-Salzbergen (AS).

De line waard as inkeldspoar oanlein, mar mei trochdat de ferbining yn Almelo al gau oansluting krige op de spoarlinen nei Swol en Dimter naam it belang fan de line ta. Yn 1902 waard dêrom it stik fan Almelo nei Hengelo ferdûbele. Yn Hengelo waard dêrby daliks it grutste part fan de line en it emplasemint ferhege. Troch de sânwinning dêrfoar is it Lonnekermar ûntstien. It stik fan Hengelo nei Oldenzaal folge yn 1905 en yn 1913 wie de folsleine line ferdûbele.

Begjin jierren 1950 waard besletten om it Nederlânske haadspoarnet te elketrifisearjen. It trajekt fan Almelo nei Oldenzaal koe mei yngong fan 20 maaie 1951 mei in elektryske trein beriden wurde, en it trajekt fan Oldenzaal nei Bad Bentheim waard yn de jierren 1971-1976 elektrifisearre mei in lykspanning fan 1500 folt. Per 30 maaie 1976 koene Nederlânske elektryske treinen dêrtroch trochride nei Bad Bentheim. It trajekt fan Bad Bentheim nei Salzbergen wie lyktidich elektrifisearre mei in wikselspanning fan 15.000 folt, 16⅔ Hz. Fanwegen it ferskil yn spanning yn Nederlân en Dútslân is it op de spoaren 1 oant en mei 5 yn Bad Bentheim mooglik makke om de boppelieding om te skeakeljen fan de Nederlânske gelyk- nei Dútske wikselspanning en oarsom.

Fan 2006 oant 2009 is tusken de stasjons Almelo en Almelo de Riet wurke oan in ferdjippe spoarbak. Sûnt de simmer fan 2009 ride de treinen tusken Almelo en Almelo de Riet troch dizze spoarbak. Alle oerwegen binne dêrby ferfongen troch fiadukten.

Stasjons en gebouwen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(kursyf: earder stasjon)

Stasjon Iepene Hjoeddeistich gebou
Almelo 1865 1962, 3e gebou, unyk ûntwerp fan Koen van der Gaast, by iepening in fakwurkgebou.
Almelo de Riet 1926 1957, 1e gebou, Standerttype Vierlingsbeek
Zenderen 1888 Gjin, stasjon sletten yn 1941.
Borne 1865 1975, 2e gebou, Standerttype Beilen, by iepening in unyk ûntwerp.
Hengelo 1865 1975, 3e gebou, unyk ûntwerp fan H.G.J. Schelling, by iepening type Hengelo
Hengelo Oost 1975 Gjin
Oldenzaal 1865 1865, 3e gebou, unyk ûntwerp fan Koen van der Gaast, by iepening in fakwurkgebou.
Gildehaus 1865 1865, 1e gebou, stasjon sletten yn 'e 50er jierren.
Bad Bentheim 1865 1865, 1e gebou, unyk ûntwerp fan Franz Ewerbeck
Schüttorf 1865 ûnbekend, by iepening unyk ûntwerp fan Franz Ewerbeck
Salzbergen 1865 ûnbekend, by iepening unyk ûntwerp fan Franz Ewerbeck

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: