De Haspel
Appearance
(Trochferwiisd fan De Hispel)
De Haspel is in plakje efkes besuden Zevenhuizen yn de gemeente Westerkertier yn Grinslân.
De namme ferwiist nei it kanaal dat de foarm fan in hispel of slinger hat. It kanaal is in sydtakke fan it Mandelige Hoofddiep. Mandelich wol sizze dat elke man (lês eigener) lâns it kanaal syn eigen diel ûnderhâlde moast.
It kanaal sels hjit de Haspelwyk. Flakby de grins mei Drinte makket it kanaal in heakske bocht. Dat part hjit Dwarshaspel.