Lauwerseach
Lauwerseach Lauwersoog | ||
Fiskershaven Lauwerseach | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Grinslân | |
gemeente | It Hegelân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 160 (2021)[1] | |
Oar | ||
Stifting | 1969 | |
Koördinaten | 53° 24' NB, 6° 13' EL | |
Kaart | ||
Lauwerseach[2] (Nederlânsk en offisjeel: Lauwersoog) is in Grinslânsk doarp yn de gemeente It Hegelân (oant 1 jannewaris 2019 gemeente De Marne). It is nei 1969 ûntstien, nei de yndiking fan de Lauwerssee. Lauwerseach is benammen bekend as fertrekplak fan de feartsjinst nei Skiermûntseach.
Lauwerseach is ek in wichtige fiskershaven (letterkoade: LO) en hat in eigen fiskôfslach. In gedielte fan de fiskersfloat fan Urk hat Lauwerseach as thúshaven (al farre de Urkers noch altyd mei de letterkoade UK fan Urk). Ek in protte Deenske fiskers lizze faak oan yn Lauwerseach. It doarp en de haven binne yn trek by deitoeristen, ek troch de mooglikheden om farske fisk te iten.
By it doarp heart ek de wyk Robbeoart (Nederlânsk en offisjeel: Robbenoord), neamd nei de sânplaten Robbeplaat en de Oart'. Oart betsjut ek eilân (sjoch Nienoard).
De spuislûzen fan it ôfstreamgebiet fan it Ryddjip, de Lauwersslûzen neamd, lizze westlik fan it doarp. Hjir rint de grins tusken Grinslân en Fryslân. Yn Lauwerseach is in skutslûs, de Robbegatslûs, om fan de mar nei de Waadsee farre te kinnen.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme is betocht troch yng. Sip Sytsma en begjin 1964 keazen, foar it kampemint op it wurkeilân dat dêr foar de ôfsluting fan de Lauwerssee oanlein wie. De namme is ôflaat fan eilân, each, yn de Lauwers. Mar it each ferwiisde ek nei Skiermûntseach. Om't it in eilânnamme wie, waard dy ek brûkt foar it wurkeilân.
Sport en rekreaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch dit plak rint de Jeropeeske kuierrûte E9, dy't lokaal ek North Sea Trail of (rjochting Fryslân) Fryske Kustpaad en (rjochting Grinslân) Waad- en Wierepaad hjit. De E9 rint lâns de kust fan Portegal nei de Baltyske steaten. Teffens lizze oan de Lauwersmarkant twa jachthavens, in kemping en in strân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |