Springe nei ynhâld

Dam (Wieringen)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Daam (Wieringen))

Dam is in buorskip yn de gemeente Hollâns Kroan yn de provinsje Noard-Hollân.

Oant 31 desimber 2011 lei Dam yn de gemeente Wieringen, dy't op 1 jannewaris by in gemeentlike weryndieling opgynng yn de gemeente Hollâns Kroan.

Dam is it westlikste plak fan de gemeente en it eardere eilân Wieringen. De bebouwing bestiet út pleatsen en huzen. In tal fan de buorkerijen binne âlde Wieringer pleatsen.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bekendste âlde pleats is dy fan de camping "De Torenhoeve". De pleats is it haadgebou fan dy camping. De camping is ek it âlde plak dêr't eartiids de 'Quarantaine' wie. Dat wie in ynrjochting dêr't de sike manlju fan de seeskippen mei ûnbekende of ûnbegrepen syktes fersoarge waarden. Fan dy ynrjochting is neat werom te finen.

Krektas by Den Oever oan de eastkant fan Wieringen stiet by Dam ek in peilhúske foar it mjitten fan it wetterpeil. It peilhúske fan Dam is fan 1919.