Dam (Wieringen)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Dam is in buorskip yn de gemeente Wieringen yn de provinsje Noard-Hollân.

Dam is it westlikste plak fan de gemeente en it eardere eilân Wieringen. Yn it plakje steane pleatsen en huzen. In tal fan de buorkerijen binne âlde Wieringer pleatsen. De bekendste âlde pleats is dy fan de camping "De Torenhoeve". De pleats is it haadgebou fan dy camping. De camping is ek it âlde plak dêr't eartiids de Quarantaine wie. Dit wie in ynrjochting dêr't de sike bemanning fan de seeskippen mei ûnbekende of ûnbegrepen syktes libje en fersoarge wurde koe. Fan dy ynrjochting is sa goed as neat werom te finen.

Krektas by De Oever oan de eastkant fan Wieringen, stiet der by Dam in peilhúske, foar it mjitten fan it wetterpeil. It peilhúske fan Dam is fan 1919.