Noord-Stroe
Appearance
Noard-Stroe (offisjeel: Noord-Stroe) is in buorskip yn de gemeente Hollâns Kroan yn de provinsje Noard-Hollân. Noard-Stroe wurdt ek wol skreaun as Noordstroe.
Noard-Stroe leit krekt noardlik fan Stroe. Formeel falt Noard-Stroe ûnder Stroe en sûnt de nijbou fan ein 20e iuw en begjin 21e iuw rint de buorskip yn Stroe oer. Noard-Stroe leit oan de Marsdyk, earder lei de buorskip gewoan oan de Waadsee mat úteinlik waard der in dyk oanlein.
Noard-Stroe is nei alle gedachten ûntstien doe't it oantal ynwenners en huzen fan it doarp Stroe stadichoan weromrûn en de kearn fan Noard-Stroe wat los fan it doarp kaam te lizzen. Op de grins mei Stroe leit in grutte camping.