Springe nei ynhâld

Fransumer Voorwerk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fraansumer Foarwurk)

Fransumer Voorwerk is in buorskip yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân. It leit besúdeasten de wier Fransum.

De buorskip bestiet út in wier mei dêrop de pleatsen Bellevue en de Jong, dy't op it plak steane dêr't it kleaster fan Aduard yn de midsiuwen in foarwurk hân hat. Wat mear nei it suden leit Aduarderfoarwurk, ek stifte as in úthôf fan it kleaster.

Panorama oer de wier
Panorama oer de wier

De wier leit op in âlde kwelderrêch en hat in omtrek fan ûngefear 225 meter en in hichte fan ûngefear 2,78 meter boppe NAP. De wier is ôfgroeven oan de noardeast- en súdeastside. Yn de wier binne spoaren fan bewenning út de Romeinske tiid fûn. Spoaren út de midsiuwen ûntbrekke, wat derop wiist dat de wier mooglik in skoft ferlitten west hat.