Springe nei ynhâld

Ald-Loasdrecht

Ut Wikipedy

Ald-Loasdrecht (Nederlânsk: Oud-Loosdrecht) is in doarp in de gemeente Widemarren, yn de provinsje Noard-Hollân. Tegearre mei Nij-Loasdrecht foarmet it Loasdrecht, it hat 1720 ynwenners (2004). It doarp leit midden yn in gebiet mei wetters dêr't de Loasdrechtse Plassen de bekendste fan binne.

Ald-Loasdrecht bestiet út fiif strjitten en trije diken: Bleekveld, Drie Kampjes, Oppad, Heulakker, Vuntuslaan,en de 's-Gavelandsefeartwei. De nammen fan de diken binne de Ald-Loasdrechtsedyk, de Horndyk en de Feandyk.

Loasdrecht (Loesdregt) wurdt oan de ein fan de 13e iuw foar it earst neamd. De bewenners tsjerken yn Loenen. Yn 1332 hat (Ald-)Loasdrecht in eigen parochy mei in kapel yn de Zijpe (Sijpe/Sype), dat is it tsjintwurdige Nij-Loasdrecht. Yn 1400 waard de Sijpe in selsstannige parochy mei dus in eigen tsjerkegebou. Sûnt dy tiid spruts men fan de Alde tsjerke (Oûkerck, ek wol Ouderkerck) en fan de Nij tsjerke en analooch dêroan fan de Alde- en de Nije Loasdrecht. Beide doarpskearnen binne lykwols like âld. De tsjerke fan Ald-Loasdrecht waard yn 1843 ôfbrutsen en op itselde plak kaam it gebou fan de foto. Nijsgjirrich is, dat yn it rampjier 1672/1673 de Ald-Loasdrechtse klok roofd waard troch de Frânsen. Admiraal Cornelis Tromp is yn 1674 op it eilân Noirmoutier lannen en hat dêrwei seis tsjerkeklokken mei werom nomd nei Hollân. Ien fan dizze klokken, de Marie-Anne, hinget no yn de tsjerketoer.