Springe nei ynhâld

Bujumbura

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bûjûmboera)
Bujumbura
Sintraal Bujumbura mei op de eftergrûn de mar
Sintraal Bujumbura mei op de eftergrûn de mar
Bestjoer
Lân Boerûndy
Provinsje Bujumbura Mairie
Sifers
Ynwennertal 368.000 (2009)
Oerflak 86,54 km²
Befolkingsticht. 4.229,9/km²
Stêdekloft 1.038.857
Hichte 774 m
Oar
Stifting 1871
Tiidsône CAT (UTC+2)
Koördinaten
Offisjele webside
(fr) Offisjele webside
Bujumbura yn Boerûndy

Bujumbura is de haadstêd fan Boerûndy. De stêd leit oan de Tanganjikamar en is mei in befolkingstal fan nei skatting 500.000 (2005) de grutste stêd fan it lân en it administratyf en ekonomysk sintrum. De wichtichste yndustryen binne tekstyl en sjippe. Bujumbura is ek de grutste havenstêd fan Boerûndy en ferskipt kofje, katoen en tin-ertsen.

Yn de Dútske koloniale tiid en yn it tiidrek fan it Belgysk bestjoer wie de namme Usumbura. By de ûnôfhinklikens fan it lân yn 1962 waard de namme feroare yn Bujumbura.

Bujumbura wie oant 1889 in ienfâldich doarp doe't it Dútsk koloniale bewâld hjir in militêre post festige. Dútslân moast nei it ferliezen fan de Earste Wrâldkriich de koloanje yn 1918 ôfstean oan Belgje.

Sûnt de ûnôfhinklikens fan Boerûndy hat de stêd in protte it toaniel west fan gewelddiedige twisten tusken de twa grutte befolkingskloften fan it lân, de Hûtûs en Tûtsys.

It strân fan Bujumbura
Sakewyk yn Bujumbura