Springe nei ynhâld

Noardwikerhout

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Noordwijkerhout)
Noardwikerhout
Noordwijkerhout
Eardere gemeentehûs fan Noardwikerhout
Eardere gemeentehûs fan Noardwikerhout
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
Gemeente Noardwyk
Sifers
Ynwennertal 15.415 (2023)[1]
Oerflak 18,25 km² (17,44 km² lân, 0,81 km² wetter)
Befolkingsticht. 7845 ynw. /km²
Oar
Ferkearsieren N206 N443
Postkoade 2261
Netnûmer 0252
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 16' NB 4° 30' EL
Kaart
Noardwikerhout (Súd-Hollân)
Noardwikerhout
Kaart
Eardere gemeentehûs fan Noardwikerhout
Kaart fan 'e eardere gemeente Noardwikerhout

Noardwikerhout (Nederlânsk en offisjeel: Noordwijkerhout) is in plak en in eardere gemeente yn de Nederlânskse provinsje Súd-Hollân. De gemeente, in oerflak fan 23,40 km² (wêrfan 0,80 km² wetter), gie op 1 jannewaris 2019 op yn 'e gemeente Noardwyk. Noardwikerhout hat 15.415 ynwenners (2023, boarne: CBS). De gemeente Noardwikerhout neamde himsels it 'Hert fan de Bollekrite', want de gemeente hie it grutste oerflak oan kleurrike bollefjilden yn dy krite. Noardwikerhout leit benefter de dunen 5 km fan de Noardseekust en tichteby grutte stêden as Leien, De Haach, Haarlim en Amsterdam. Troch Noardwikerhout rint de autowei N206.

De skiednis fan Noardwikerhout giet werom oant yn 'e prehistoarje en ûntstie, lykas oare plakken yn 'e omkriten, op strânwâlen. Dy strânwâlen binne oerbliuwsels fan âlde dunen, dy't nei de iistiden ûntstiene. Op 'e earste strânwâl, dy't goed 4500 jier ferlyn ûntstie, ûntstiene letter Foarburch, Voorschoten, Lisse en Hillegom. Noardwikerhout leit op de jongste, meast westlike strânwâl. Ut gebrûksfoarwerpen, dy't fûn waarden, litte sjen dat der al foar it begjin fan 'e jiertelling minsken wennen op 'e smelle strânwâl tusken de Noardsee en it sompige binnenlân, dat hjoed-de-dei it Langeveld neamd wurdt. Doe't de Romeinen yn Nederlân kamen, waard yn de omkriten, lykas blykt skriuwen fan Julius Caesar en Tasitus, befolke troc in Germaanske stamme dy't se Kananefaten neamden. Dy namme wurdt hjoed-de-dei yn eare holden troch de Kaninefaaten, ien fan 'e fjouwer karnavalsferienings fan it doarp.

Op 4 augustus 889 krige greve Gerulf fan West-Frisia, in jeftebrief fan 'e kening fan Loataringen, dêr't yn stie dat er de ambachtshearlikheid Northgo, de âlde namme fan Noardwyk, yn lien krije soe. Northgo betsjutte "noardlik fan", dus noardlik fan de Alde Ryn. Dêr gie in dyk nei in "hout" (bosk) dat eastlik fan Noardwyk, alhiel oant Haarlim ta, lei. Yn dy tiid waard ûnderskied makke tusken in "wâld" foar in leechstammich en foar de minske in ûnbegongbere bosk, en in "hout" foar in heechstammige bosk, dat typysk foar it sângrûn fan de Hollânske kust wie. Dêr ûntstie by in jachthûs it doarp Noorticher hout. Ek komme de nammen Noirtigerhout en Nortekerhout foar. De erfenis fan greve Gerulf waard ferparte tusken syn twa soannen. De iene krige Nortich (Northgo) en de oare krige Nortich in den Houte, it hjoeddeistige Noardwikerhout.

It tichtebylizzende Voorhout, lei oan 'e foarkant fan dy bosk. De nei 1100 gongbere namme Hollân foar it greefskip, dat fan holtland (houtlân) ôfstammet, ferwiist nei dat it gebiet tige boskryk west hat.

It Wite Tsjerkje

Noardwikerhout hearde ynearsten tsjerklik by Noardwyk. Yn 'e 14e iuw kaam dêr feroaring yn. De abdij Leeuwenhorst krige yn 1287 in midkoer en yn 1350 in kapel yn 'e eare fan Sint-Michael. Yn 'e 14e iuw waard in Capelle in het Langeveld stifte en tawijd oan Marije, Stjer fan de See. Om 1300 hinne waard in tsjerke boud yn romaanske styl boud dy't oan 'e apostels Petrus en Paulus wijd waard.

Neffens in ferdrach út 1434 waard Noardwikerhout, mank mei Hillegom, Lisse en Voorhout in selsstannich baljuwskip.

Op 1 jannewaris 2019 fusearre de gemeente Noardwikerhout mei de gemeente Noardwyk. Op 1 july 2024 waard it sintrum fan it doarp foar it grutste part autolij. Bewenners en bedriuwen hawwe lykwols in ûntheffing.

Troch de iuwen hinne libben de measte bewenners yn Noardwikerhout foar it grutste part fan 'e lânbou en feehâlderij. Dêrby hiene de boeren in soad lêst fan grutte hoemannichten dúnkninen, dy't de gewaaksen opfrieten. Troch it lizzen oan see beseochten in soad ynwenners in bytsje ekstra jild te fertsjinjen mei de skulpefiskerij. Oaren besochten troch streupen en bûtsykjen ynkommen oan te foljen. Yn 'e 17e iuw waard yn Noardwikerhout ek in soad flaaks ferboud en ferwurke. Yn 'e 17e en 18e iuw lieten gegoede lju út omlizzende stêden, lykas Leien, bûtenpleatsen yn Noardwikerhout bouwe. Dat brocht ek ekstra ynkommen foar de ynwenners mei har mei.

Yn 'e twadde helte fan 'e 19e iuw krige de woltierigens yn Noardwikerhout in oandriuw troch it ôfgraven fan de âlde strânwâlen. Ynearsten waard it dúnsân suver allinnich brûkt foar it bouree meitsjen fan grûn fan tichteby lizzende stêden. Letter waard it benammen in grûnstof foar de kalkstienyndustry. De ôfgroeven geastgrûn bliek tige gaadlik foar it ferbouwen fan blombollen. It ûntjaan fan de blombolletylt barde benammen troch it omsetten fan gerslân yn bollegrûn. Fan 1950 ôf waard yn tweintich jier it oerflak oan bollelân hast ferdûbele. Yn 'e iere 21e iuw naam it ferbouwen yn grientekassen in bot ta. Dat sorge foar mear wurkgelegenheid.

Fan 1918 ôf soargen it fêstigjen fan twa psychiatryske ynstellings foar in soad wurkgelegenheid yn it doarp. Ek it toerisme naam fan de mid 20e iuw ta omreden it tichteby wêzen fan de dunen en de see.

  • Wite Tsjerkje
  • Joazeftsjerke
  • Victortsjerke
  • Kapel op it plak fan de eardere roomsk-katolike psychiatryske ynstelling Sint_Bavo, dat eartiids in kleaster wie
  • Klein Leeuwenhorst, in lânhûs út 1858
  • Hogeveensemolen, in muonts út 1654
  • Eardere gemeentehûs fan Noardwikerhout

Berne yn Noardwikerhout

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Noordwijkerhout fan Wikimedia Commons.
Gemeente Noardwyk
Kearnen: Noardwyk-Binnen (bestjoerssintrum) • Noardwyk oan SeeNoardwikerhoutDe Zilk
· · Berjocht bewurkje