Springe nei ynhâld

Buren (stêd)

Ut Wikipedy
Buren
Stedspoarte
Stedspoarte
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Gelderlân
Gemeente Buren
Sifers
Ynwennertal 2.620 (1 july 2021)
Oerflak 142,9 km²
Befolkingsticht. 18 /km²
Oar
Stifting 1385
Postkoade 4116
Koördinaten 51° 54' 38" NB, 5° 20' 0" EL
Kaart
Buren (Gelderlân)
Buren
Lokaasje Buren yn de gemeente Buren

Buren is in stêd yn de gemeente Buren yn de provinsje Gelderlân mei 2.620 ynwenners (2021). It plak lei sintraal yn de gemeente yn de Neder-Betuwe tusken de plakken Tiel, Culemborg en Geldermalsen.

Buren krige yn 1395 stedsrjochten fan ridder Allard, hear fan Buren en Beusichem. Yn 1435 sette hartoch Arnold fan Egmont útein mei it belis fan Buren, dêr't de stêd nei ynnomen waard en Willem fan Buren ferdreaun waard, om't dy yn 1418 himsels ta fijân fan de hartoch útsprutsen hie. Nijsgjirrich is dat de hartoch letter troch syn eigen soan finzennommen waard en nei Buren oerbrocht wêze dêr't er seis jier fêst siet.

Yn 1572 sleat Buren him oan by de Uny fan Doardt en yn 1575 folge it Belis fan Buren troch Spaanske troepen ûnder Gilles fan Barlaymont.

De stêd Buren rekke troch de jierren hinne tige yn it neigean, dat er sels drige waard om sloopt te wurden. Lang om let waard yn 1946 úteinset mei de restauraasje fan de stêd, dy't krapoan in heale iuw yn beslach nimme soe.

Buren is in Oranjestêd fanwegen syn bannen mei de kaninklike famylje. Willem fan Oranje boaske dêre yn 1551 Anna fan Buren yn de Sint-Lambertustsjerke. Prinsesse Beatrix en kening Willem-Aleksander binne dêrtroch greve en grevinne fan Buren. De famyljeleden fan Oranje brûke bytiden de skûlnamme "Van Buren" as se net weromkend wurde wolle. Dat barde foar it lêst by de Alvestêdetocht fan 1986 doe't de doetiidske prins Willem-Aleksander meidie ûnder de namme "W.A. van Buren".

It fêstingswurk fan Buren is foar it grutste part noch hiel. Der binne wâlen, muorren en ien stedspoarte, de Culemborgse- of Huizenpoort.

Fierders binne der noch:

  • nôtmûne De Prins van Oranje
  • Sint-Lambertustsjerke
  • It Weeshûs
  • It âlde stedshûs

De stêd Buren telt goed 100 ryksmonuminten en 55 gemeentlike monuminten.

Buren út it suden wei sjoen

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]