Anna fan Bueren

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Anna fan Bueren.

Anna fan Bueren, eins: Anna fan Egmont, grevinne fan Bueren en Leardaam (Grave, maart 1533Breda, 24 maart 1558) wie in telch út in âld, tige foarnaam en skatryk Nederlânsk laach. Behalven grevinne fan Bueren en Leardaam wie hja ek grevinne fan Lingen, baronesse fan Iselstein, Kranendonk en Eindhoven, Grave en it Lân fan Cuijk en frouwe van Borssele, Jaarsveld, Koartjinge, Sint-Martensdyk en Odyk. As it ienlingsbern fan Maksimiliaan fan Egmont en Françoise fan Lannoy waard hja nei it ferstjerren fan har heit, yn 1548, dy syn erfdochter, wat har in tige oantreklike partij makke om mei te trouwen. Keizer Karel V sels (dy't befreone west hie mei har heit) beävensearre lykwols dat it syn beskermeling Willem fan Oranje wie, dy't op 8 july 1551 oan har boaske. Dêrby sloech er alle rie yn 'e wyn om sa'n houlik en de dêrút fuortkommende grutte akkumulaasje fan rykdom en macht yn it slachte Oranje-Nassau foar te kommen.

Anna fan Bueren en Willem fan Oranje krigen trije bern, wêrfan't de âldste, Marije (1553-1555 al mei twa jier kaam te ferstjerren. De beide jongsten wiene Filips Willem (1554-1618) en Marije (1556-1616). Ut 'e briefkerij fan Oranje mei Anna fan Bueren docht bliken dat harren houlik goed wie, ek al wie it bûten harrensels om beävensearre. De prins hie sels in poppenamme foar syn frou: Tanneke. Anna fan Bueren ferstoar jong, yn 1558, doe't hja noch mar 25 jier wie, oan wat nei alle gedachten in longûntstekking west hat. Alle besittings fan it Hûs Egmont kamen doe yn 'e hannen fan har man Willem fan Oranje, en bedarren fia him by de lettere leden fan syn slachte, sadat Willem-Alexander yn 1986 ûnder de skûlnamme W.A. van Buren de Alvestêdetocht ride koe. Anna fan Bueren leit begroeven yn in grêfkelder ûnder it prealgrêf fan Ingelbrecht II fan Nassau, yn 'e Grutte of Leaffrouwetsjerke te Breda.