Springe nei ynhâld

Eembrugge

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Iembrêge)
Eembrugge yn 2009

Eembrugge is in buorskip mei stedsrjochten yn de gemeente Baarn op de grins fan de gemeente Eemnes yn Utert.

It is ien fan de lytste plakken mei stedsrjochten. Eembrugge hat, bûten it yn de gemeente Eemnes lizzende diel, 130 ynwenners (2004). Ornaris wurdt it oantsjutten as in doarp of buorskip. Eembrugge leit oan de rivier de Eem.

Op it plak dêr't no Eembrugge leit ûntstie ± 1200 it tsjerkedoarp "Ter Eem", sûnt 1347 fersterke mei it Kastiel Ter Eem. Ut dit doarp wei waard de Eemfallei ûntgûn. Stadichoan liet Eemnes lykwols Ter Eem benefter, wat ynwennertal en ekonomyske aktiviteit oangie. Noch letter feroare de namme fan de delsetting yn Eembrugge, wat ferwiist nei de brêge oer de Eem dêr't de wei fan Baarn nei Bunschoten oerhinne rint. De eardere brêge, dy't út twa 'flappen' bestie (oan beide kanten fan de Eem ien), lei in 150 meter noardliker, by it wite húske rjochts op de foto. De âlde wei kaam út op de dyk nei Eemdijk en Spakenburch/Bunschoten. Foar de oarloch waard hjir ek tol heft. Yn 1960 is de hjoeddeiske brêge boud. Sûnt 2007 wurdt de brêge betsjinne út Weesp wei en is der gjin brêgewachter mear.

Baarn
Stêden:
BaarnEembrugge
Doarpen:
Lage VuurscheDe Vuursche
Buorskippen:
Hooge VuurscheSoestdyk
· · Berjocht bewurkje