Springe nei ynhâld

Abbekerk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Abbetsjerk)
Abbekerk
Protestantske tsjerke
Protestantske tsjerke
Emblemen
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Medemblik
Sifers
Ynwennertal 2.070 (31-12-2021) [1]
Oerflak 3,1 km²
Befolkingsticht. 668 ynw. / km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 43' N 5° 1' E

Abbekerk (Frysk: Abbetsjerk)[2] is in doarp yn de regio West-Fryslân. It wie fan 1 jannewaris 1812 oant 1 jannewaris 1979 in selsstannige gemeente, dêr't ek it doarp Lambertschaag by hearde. Neitiid hearde it 28 jier by de gemeente Noarder-Koggelân, foar't it yn 2007 by Medemblik kaam te hearren.

De namme Abbekerk giet werom op in bul fan paus Innocentius IV (1243-1254), wêryn't de besittings fan it nonnekleaster fan Himmelum fêstlein wurde. As plaknamme waard it doarp foar it earst yn 1310 as Abbenkerke neamd. De plaknamme soe der nei ferwize dat dêr in tsjerke fan Van Abbe(n) stie.

Tusken 1402 en 1415 waard hast it hiele plattelân yn de Westfryske Omringdyk ferdield yn stêden. Dy plattelânsstêden wiene yn 'e regel kombinaasjes fan doarpen, dy't mienskiplike stedsrjochten hiene. Sa waard op 2 febrewaris 1414 Abbekerk mei Twisk, Midwoud en Lambertschaag troch Willem VI in stêd (stede), wylst eltse banne in eigen bestjoer hold. Letter soe Abbekerk allinne noch folsleine stedsrjochten mei Lambertschaag ha; Twisk en Midwoud bleaune ûnder de rjochten fan Abbekerk fallen. Yn Abbekerk wie ek in rjochtshûs, dat noch jimmeroan bestiet mar yn 1830 ferboud waard en dêrtroch der hjoed-de-dei hiel oars útsjocht. Oant 1811 bleau it doarp by de "stêd" Abbekerk hearren. Sûnt 1 jannewaris 1812 foarme it doarp mei Lambertschaag de gemeente Abbekerk en dat bleau sa oant en mei 1978.

Abbekerk leit oan de Westfryske Omringdyk. Eartiids lei it plak oan it wetter, dat tsjintwurdich de polder Wieringermar is. It doarp sels leit net oan de dyk, it wat noardliker lizzende Lambertschaag docht dat wol. Abbekerk is as in lintdoarp oanlein. Yn it midden fan it lint rint de Doarpsstrjitte, dy't yn it noarden rjochting Lambertschaag yn it Noardein oergiet en yn it suden yn it Súdein.

Oan de Dorpsstraat stiet de âlde bebouwing fan it doarp. De strjitte telt ferskillende monuminten, wêrûnder de tsjerke, it eartiidske rjochtshûs en ferskillende âlde stjelppleatsen.

Hiel lang hie it doarp om en de by 1000 ynwenners. Yn 1969 waard Abbekerk oanwiisd as groeikearn. Doe waard it plak in stik grutter dan it lange tiid west hie. Yn 1984 wie dat yntusken ferdûbele. Yn 1979 wie Abbekerk by it ûntstean fan de gemeente Noarder-Koggelân ek de haadkearn fan de gemeente woarn, ek al stie it gemeentehûs yn Midwoud.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Cijfers
  2. Nij Frisia, maart 2015, side 20