Lambertschaag

Ut Wikipedy
Lambertschaag
Himrik fan Lambertschaag
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Medemblik
Ynwenners (2021) 170 [1]
Koördinaten 52°44'45"N 5°1'0"E
Netnûmer 0229
Postkoade 1658
Webstee Unbekend

Lambertschaag (Frysk: Lambertskeech[2]; West-Frysk: Lambertskaag) is in doarpke yn de Noard-Hollânske gemeente Medemblik (Frysk: Memleke)[3].

Etymology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lambertskaach wurdt yn 1319 neamd as Lambrachtscoich en yn 1396 as Lambrechtkage. it plak ferwiist nei de âlde patroanhillige Lambertus, dy't yn de 7e iuw foar in hoart yn it oanbuorjende Abbekerk omhûsmanne. It twadde diel fan de namme ferwiist nei 'bûtendyksk'. De 's' fan it earste diel soe troch de iuwen hinne dêrnei ferskood wêze nei it twadde diel en sa waard it fan 'skagen' en 'skaach' it tsjintwurdich 'schaag'.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjerke fan Lambertskaag

Foar de ynpoldering fan de Wieringermar eartiids lei Lambertskaag oan de Sudersee. By it doarp stiene trije poldermûnen, dy't oer de boezem en de útwetteringsslûs it wetter op see útmeallen. Mei't de polder Wieringermar ûntstie binne ek de mûnen ôfbrutsen.

Lambertskaag is in lintdoarp mei hûzen en ferskillende stjelpen. Mei Abbekerk (Frysk: Abbetsjerke)[4] dielde Lambertskaag in stasjongebouke oan it spoar Hoorn-Medemblik. Fan 3 novimber 1887 oant 5 jannewaris 1941 wie it stasjon yn gebrûk. Lykas de toer fan de tsjerke is it gebou grien fan kleur.

Foar de weryndieling fan 1 jannewaris 1979 hearde it doarp by de gemeente Abbekerk. Fan 1979 oant 2007 foel it doarp yn de gemeente Noarder-Koggelân, dêr't ek it oanbuorjende Abbekerk by yndield wie. Tsjinwurdich heart it doarp by de gemeente Medemblik.

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Lambertustsjerke (Lambertskaag).

Al út de tsjerkelisten fan it bisdom Utert kin opmakke wurde dat der in tsjerke yn Lambertskaag stie. De hjoeddeiske tsjerke waard om 1500 hinne boud.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Cijfers
  2. Nij Frisia, maart 2015, side 20
  3. Nij Frisia, maart 2015, side 20
  4. Nij Frisia, maart 2015, side 20