Lambertustsjerke (Lambertschaag)

Ut Wikipedy
Lambertustsjerke (Griene Tsjerkje)
Lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Medemblik
plak Lambertschaag
adres Noardein
koördinaten 52° 44'N 5° 01'E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Lambertus fan Maastricht
status kultureel sintrum
Arsjitektuer
boujier ± 1500
boustyl Letgoatysk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer tsjerke 30662 [1]
toer: 30663[2]
Webside
Side Het Groene Kerkje
Kaart
Lambertustsjerke (Noard-Hollân)
Lambertustsjerke

De Lambertustsjerke of it Griene Tsjerkje (Groene Kerkje) is in tsjerkegebou yn it Noard-Hollânske doarp Lambertschaag (Frysk: Lambertskeech[3]). De tsjerke hat syn oarspronlike funksje ferlern en is hjoeddedei in kultureel sintrum.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard nei alle gedachten earne yn 'e twadde helfte fan 'e 15e iuw boud en wie yn 'e roomske tiid wijd oan Lambertus fan Maastricht. De klok fan de tsjerke is getten yn 1495 en kin in oanwizing wêze fan de boutiid fan de tsjerke. De protestanten namen de tsjerke yn 1572 fan de katoliken oer en brochten feroarings oan it ynterieur oan. De katolike opfolger fan it Griene Tsjerkje stiet tsjintwurdich yn it oanbuorjende De Weere.

De herfoarme tsjerke fan Lambertskeech waard yn de jierren 1970 tige brekfallich. Mei help fan in soad frijwilligers waard de tsjerke yngreven restaurearre. De tsjerke wurdt tsjintwurdich brûkt as kultureel sintrum.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It liturgyske sintrum feroare nei de reformaasje fan it koer nei de súdlike muorre, dêr't de preekstoel fan 1633 kaam te stean, wylst it oargel in plak yn it eastlike koer krige. Yn de tsjerke hingje trije buorden mei de tekst fan Us Heit, de Leauwensartikels en De Wet. Fierder is der in 17e-iuwske kroanluchter.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel waard yn 1866 troch Van Dam boud mei gebrûk fan âlder materiaal. It ynstrumint besit 13 registers.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: