Springe nei ynhâld

Roubaix

Ut Wikipedy
Roubaix
Stedhûs fan Roubaix
Stedhûs fan Roubaix
Emblemen

Bestjoer
Lânflagge fan Frankryk Frankryk
RegioOpper-Frankryk
DepartemintNoarderdepartemint (59)[1]
BoargemasterGuillaume Delbar
Sifers
Ynwennertal98.286 (2023)[2]
Oerflak13,23 km²
Befolkingsticht.7.429 ynw./km²
StêdekloftJeropeeske metropoal fan Risel
Hichte17–52 m
Oar
Postkoade59100
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten50° 41′ N, 3° 10′ E
Offisjele webside
www.ville-roubaix.fr
Kaart
Roubaix (Frankryk)
Roubaix
Kaart
Stedhûs fan Roubaix

Roubaix (Nederlânsk: Robaais; West-Flaamsk: Roboais) is in âlde yndustrystêd yn it noarden fan Frankryk, flak by de Belgyske grins. De stêd hat likernôch 98.000 ynwenners (2023) en is dêrmei nei Risel en Amiens de op twa nei grutste stêd fan 'e regio Opper-Frankryk[3]. Roubaix foarmet in konurbaasje mei de omlizzende stêden Risel, Tourcoing, Villeneuve-d'Ascq en 86 oare gemeenten, dêr't mear as in miljoen minsken wenje, dy't ûnder it gesach feriene fan in stêdekloft falt: de Jeropeeske metropoal fan Risel[4].

Mei de Yndustriële Revolúsje fan 'e njoggentjinde ieu groeide Roubaix yn rap tempo. De befolking woeks fan 8.091 yn 1800 nei 124.661 yn 1896. De stêd waard doe in sintrum fan ynternasjonaal belang foar de wol- en tekstylyndustry en waard dêrom ek wol 'It Mansjester fan Frankryk ferneamd. Healwei de 20e iuw rekke de tekstylsektor yn ferfal. Sûnt moat de ekonomy fan Roubaix it meast hawwe fan kultuer, mar seker ek fan toerisme. It Museum foar Keunst en Yndustry[5] en it Museum foar Tekstylen[6] lûke in soad minsken.

De stêd is hjoed-de-dei foaral bekend as oankomstplak fan 'e hurdfytswedstryd Parys-Roubaix.

Roubaix is bekend om syn sosjaal, kultureel en etnysk ferskaat. De ynwenners fan 'e stêd wurde yn it Frânsk “Roubaisiens” en yn it Pikardysk “Roubégnos” neamd.

Roubaix hat mei acht stêden partnerskippen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (fr) Département du Nord
  2. City Population
  3. (fr) Région Hauts-de-France
  4. (fr) Métropole européenne de Lille
  5. (fr) La Piscine – Musée d'Art et d'Industrie Andrée Diligent
  6. (fr) Musée atelier textile – La Manufacture