Heineburen
Appearance
(Trochferwiisd fan Heinebuorren)
Heineburen is in buorskip yn de gemeente Westerkertier yn it súdwesten fan de provinsje Grinslân. De buorskip leit tsjin de grins mei de eardere gemeente Mearum, tusken De Wylp en Sânhuzen. De namme fan it buorskip komt fan de manljusnamme Heine.
By Heineburen leit in boskje, it Nanninga's Bosch, tsjintwurdich eigendom fan it Groninger Landschap. Oarspronklik wie it in nuddelbosk, plante as produksjebosk. De eigener, Nanninga, slagge it lykwols net om it rendabel te eksploitearjen.
Krekt eastlik fan it boskje leit de Bolmar, in pingoruïne, dy't mar beheind tagonklik is.