Oosterklief
Easterklyf (offisjeel: Oosterklief) is in buorskip yn de gemeente Hollâns Kroan yn de provinsje Noard-Hollân.
Easterklyf leit krekt east fan Westerklyf. Westerklyf en Easterklyf hearre ta de âldste plakken fan Wieringen.
Lange tiid hienen Easterklyf en Westerklyf sawat likefolle ynwenners. Yn 1840 hienen se beide 35 ynwenners. Mar dêrnei groeide Westerklyf troch en Easterklyf net. Yn 1998 hie Easterklyf ûngefear 45 ynwenners en Westerklyf 70 ynwenners.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De plaknamme komt út de tiid dat Wieringen in eilân waard. De troch seeweagen oanfretten liembulten waarden ta in soarte fan kliffen. Om't foar dy tiid der genôch oare plakken yn it gebiet wiene om op te wenjen wie dit plak mar licht bewenne. Doe't it gebiet lykwols in eilân wurden wie, wie it ien fan de heechste punten fan Wieringen. Dêrtroch kamen der stadichoan mear minsken wenjen, it wie benammen in taflechtoarde as de see omraken te kear gie en der in grutte kâns op floedrampen wie.