Kruisweg

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kruisweg (Grinslân))

Kruisweg (Grinslânsk: Kruusweg) is in doarpke yn de gemeente It Hegelân (oant 1 jannewaris 2019 gemeente De Marne), provinsje Grinslân. It doarp hat sa'n 370 ynwenners (2008).

It doarp ûntstie yn de 19e iuw as wenplak foar arbeiders dy't yn de nije polders oan it wurk gienen. De delsetting waard oarspronlik Uilennest ('Ulenêst') neamd, nei in grutte pleats yn dy omkriten. Nêst hat yn it Grinslânsk lykwols in frijwat negative betsjutting. Mei dêrom hat de gemeenterie fan de eardere gemeente Kleasterbuorren yn 1923 foar de hjoeddeiske namme keazen. De namme ferwiist nei de oarsronklike betsjutting fan it wurd kruisweg, nammentlik 'krúspunt fan wegen', yn dit gefal it plak dêr't de dyk fan Kloosterburen nei Hornhuzen de wei fan Liens nei de seedyk krúst.