Springe nei ynhâld

Boadegraven

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bodegraven)
Boadegraven
Symboalen
Bestjoer
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
GemeenteBodegraven-Reeuwijk
Sifers
Ynwennertal20.141 (2026)[1]
Oerflak26,58 km²,
dêrfan lân: 25,76 km²
dêrfan wetter 0,81 km²
Oar
Postkoade2411–2412
TiidsôneUTC+1
SimmertiidUTC+2
Offisjele webside
www.bodegraven-reeuwijk.nl
Kaart
Boadegraven (Súd-Hollân)
Boadegraven
Kaart
Lokaasje fan Boadegraven yn 'e gemeente Bodegraven-Reeuwijk

Boadegraven[2] (Nederlânsk en offisjeel: Bodegraven) is in doarp yn 'e Nederlânske provinsje Súd-Hollân, yn 'e gemeente Boadegraven-Reeuwijk.

Boadegraven waard al yn 'e Romeinske tiid bewenne. It lei doe oan 'e noardgrins fan it Romeinske Ryk, de Limes. De Romeinen hiene hjir ûnder oare kampen, havens en in wei, dy't mei grinsforten fersterke waard. By de Limes ûntstiene ek ferskate delsettings, wêrûnder it hjoeddeiske Boadegraven.

Fynst yn Boadegraven fan in Romeinske helm (Ryksmuseum).

It bestean fan it Romeinske Boadegraven wurdt ûnderboud troch ferskate fynsten. Yn 1937 waard by sânwinning in Romeinske ruterhelm fûn. Yn 1995 waarden oerbliuwsels fan in houten poartegebou en in ierden ferdigeningswâl ûntdutsen. Yn 2000 waard in ferflokkingstablet fan lead fûn mei de nammen fan 21 soldaten.

Om 1050 hinne wie der wer in lytse delsetting ûntstien, nei alle gedachten by de hjoeddeiske doarpstsjerke. Lange tiid wie der striid om it besit fan Boadegraven tusken de biskop fan Utert en de greven fan Hollân. Lang om let kaam it plak by it Greefskip Hollân.

Yn 'e lette midsiuwen waard it sompige gebiet om Boadegraven hinne oanmakke. De lânoanmakkerij sette fan 'e hegere rivieriggen ôf útein, ûnder oare by de Alde Ryn, de Meije en de Alde Bodegrave. Sa ûntstie it karakteristike kavelferdielingspatroan yn rjochte patroanen. De bou fan in slûs om 1350 soe fan grut belang wêze foar de ûntwikkeling fan it plak Boadegraven.

Wierickerskâns.

Yn it rampjier 1672 lei Boadegraven fuort efter de Alde Hollânske Wetterliny. Doe't it wetter yn 'e winter beferzen wie, koene Frânske troepen oer it iis optsjen. Nei't se by Zwammerdam en Alphen opkeard waarden en it tijwaar waard, lutsen se har werom oer de dyk by de Alde Ryn lâns. Underweis waard Boadegraven folslein ferneatige. Nei dizze ramp waard eastlik fan it doarp de Wierickerskâns oanlein.

Boadegraven bloeide dêrnei wer op, oant in grutte brân yn 1870 in grut part fan it doarp ferneatige. Mear as 100 huzen baarnden ôf en sa'n 130 hûshâldings waarden dakleas. Mei help fan in lanlike ynsammeling koe it doarp relatyf fluch wer opboud wurde. Yn 'e 20e iuw wreide Boadegraven him fierder út, benammen tusken de Alde Ryn, it spoar en de A12.

Boadegraven leit midden yn it Griene Hert, de griene sône dy't troch de Rânestêd omsletten wurdt. It doarp leit oan beide kanten fan 'e Alde Ryn, mei midden yn it doarp in slûs.

It âldste part fan Bodegraven leit oan 'e noardkant fan it wetter. Dêr stiet de herfoarme doarpsjerke, de Sint-Gallustsjerke. Oan 'e súdkant stiet de roomske Willibrordustsjerke, dy't yn 1865 boud waard neffens in ûntwerp fan Pierre Cuypers. Dêr stiet ek de stellingmûne De Arkduif, dy't út 1697 datearret en no ûnderdiel is fan 'e brouwerij De Molen.

Tsiispakhûs.

Bodegraven is bekend as sintrum fan 'e tsiishannel. It tal karakteristike tsiispakhuzen is lykwols ôfnommen en de tsiismerk wurdt sûnt 2001 net mear hâlden. Foar de tsjerke stiet noch in tsiismonumint.

Yn septimber wurdt de hjerstmerk organisearre dy't yn it teken fan tsiis stiet. Sûnt 2021 makket dizze tradysje diel út fan 'e List fan Nederlânsk ymmaterieel erfgoed.

Boadegraven wie ek bekend fanwegen it shampoobedriuw Andrélon. Kapper André de Jong rjochte it fabryk dêr yn 'e jierren 1940 op. It fabryk moast yn 2005 de doarren slute. Troch de sintrale lizzing yn it Griene Hert is Boadegraven ek in gaadlik fêstigingsplak foar bedriuwen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ↑ Alle Cijfers
  2. ↑ Bûsboekje 2005, Ljouwert, 2005 (KFS), ISBN 9 08 06 25 248, s. 150.