Springe nei ynhâld

Bunschoten (stêd)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bunskoat (stêd))
Buorren
Mûne Bunschoten

Bunschoten is in stêd yn de gemeente Bunschoten. Mei Spakenburch der by rekkene hat de stêd 19.400 ynwenners.

Bunschoten en Spakenburch binne troch ferskate nijbouwiken sa oanelkoar groeid, dat, op de âlde kearnen fan de twa plakken nei, gjin ûnderskied tusken de twa plakken mear makke wurdt. Foar de post, bygelyks, lizze alle adressen yn Bunschoten-Spakenburch. Dochs ferskilt it karakter fan de beide plakken dúdlik. Bunschoten, oan de súdkant, wie altyd in boeredoarp, mar hie yn it ferline wol stedsrjochten. Spakenburch hat altyd in fiskersdoarp west, eartiids oan de Sudersee, tsjintwurdich oan de Iemmar.

Karakteristyk foar Bunschoten en Spakenburch binne de oerâlde dracht, hoewol't it dragen hurd minder wurdt. Ek hawwe de doarpen in dúdlik Pprotestantsk-Kristlik karakter; benammen de Grifformearde Tsjerken frijmakke hawwe in soad leden.

Oan de westkant fan de stêd is in soad yndustry. Der leit in nije dyk om de drokte op de âlde dyk troch de stêd te ferminderjen. East fan Bunschoten-Spakenburch is yn 2009 begûn mei in nije wenwyk. Foarby de súdein fan de Doarpsstrjitte stiet it âld molkfabryk 'Eemlandia'. Yn de buorren steane noch in soad opknapte âlde pleatsen dy't ta wenhûs makke binne.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Bunschoten
Stêd:
Bunschoten
Doarpen:
EemdijkSpakenburch
Buorskip:
Zevenhuizen
· · Berjocht bewurkje