Eemmar

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Iemmar)
Eemmar

De Eemmar is in 1.340 ha grut rânemar tusken de provinsjes Utert, Flevolân en Noard-Hollân dy't mienskiplik troch Natuermonuminten en Steatsboskbehear beheard wurdt. Hy rint fan de Stichtse Brêge (A27), de grins mei de Goaimar, oant de bocht by Spakenburch dêr't er fierder rint as Nijkerkernau.

De Eem mûnet út yn de Eemmar. Der is ien eilân: de Deade Hûn. De Eemmar is mei de súdigge fan de Goaimar in Natura 2000-gebiet.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]