Goaimar

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Goaimar

De Goaimar is in 2670 ha grut rânemar dat ûntstie by de ynpoldering fan Súdlik Flevolân.

De mar hat oan de noardside Almeare en oan de súdside Naarden, Huizen en Blaricum (de Blaricummermeent). It wetter wurdt oan de iene kant begrinze troch de Stichtse Brêge, dêr't de A27 oer giet (rjochting Utert) en oan de oare kant de Hollânske Brêge, dêr't de A6 oer giet (rjochting A1 en Amsterdam). By de Stichtse Brêge leit it eilantsje Huizerhoef, dêr't passanten oanlizze kinne. Ter hichte fan Naarderbos leit De Schelp.

De Goaimar giet westlik oer yn de IJmar en eastlijk oer yn de Iemmar.

Rekreaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wettersporters fine harren taflecht yn de havens fan Almere Haven, Huizen en Naarden. By Almere-Haven, by de Hollandse Brug, it "sulverstrân" en yn Huizen hat de Goaimar in strânfunksje. Dit komt mei troch it feit dat fanwege de histoarje as Suderseestrân dizze strannen tige ûndjip binne en dus ideaal foar rekreanten. Midden op it wetter kin it lykwols mei swier waar tige 'spûkje' troch in soad 'sûchputten'. Dit binne tige djippe putten (oant mear as 30 meter) yn de boaiem dêr't mei sûchmasines sân wûn waard. Dit sân waard ûnder oare brûkt om de lannen om Huizen hinne op te heegjen foar wenningbou.

Ekologyske betsjutting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de Hollandse Brug leit oan de súdside de Naardermar en oan de noardside it Kromslootpark, in moerasgebiet. Lâns de rânen fan súdlik Flevolân komme in soad trekfûgels lâns yn foarjier en hjerst; foar fûgeltsjeminsken is it in goed hinnekommen. Ek hat it wetter in grutte funksje yn de natoer. De ielskolfers út de Naardermar en de Markermar finen hjir in soad fan harren gading. It ûndjippe wetter fan de Goaimar it tige ryk oan algen. Yn waarme simmers komt it fergifitige blaualch ta ûntwikkeling.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]