Oosterland (Wieringen)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Easterlân (Wieringen))
Oosterland (Wieringen)
Michaeltsjerke.
Michaeltsjerke.
Polityk
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Hollâns Kroan
Sifers
Ynwennertal 180 (1 jannewaris 2022)[1]
Oar
Postkoade 1779
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 55 'NB, 5° 0 'EL
Kaart
Oosterland (Noard-Hollân)
Oosterland

Oosterland (Nederlânsk foar "Easterlân") is in doarp yn 'e gemeente Hollâns Kroan yn 'e provinsje Noard-Hollân.

It doarp hat 180 (1 jannewaris 2022)[2] ynwenners.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oosterland

Oarspronklik wie Oosterland it meast eastlike doarp fan it eilân Wieringen. Alhoewol't it eilân nea fan plak feroare, groeide it oan 'e eastkant wol hieltiten oan. It tsjerkedoarp Oosterland sil oarspronklik in oanlisplak hân hawwe, mar 'de ouwer' kaam hieltiten fierder fuort te lizzen. Yn 'e 14e en/of 15e iuw ferhûzen de bewenners ek nei de nije kust en is it havendoarp Den Oever ûntstien.

De Michaeltsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It hjoeddeiske dowestiennen tsjerkegebou komt út de 12e iuw en is in foarbyld fan de romaanske boustyl. By de restauraasje yn 'e jierren 1990 waarden yn it koer fan 'e tsjerke spoaren fan in houten tsjerkje út de 9e of 10e iuw fûn. Yn 'e rekonstruearre krypte fan 'e Michaeltsjerke binne noch in sarkofaach (10e iuw) en trije sânstiennen sarkofagen (12e en 13e iuw), ôfkomstich fan it tsjerkhôf fan 'e tsjerke.

Yn 'e eardere pastorij fan 'e Michaelstsjerke hat de Dútske kroanprins Friedrich Wilhelm fan Prusen (1882-1951) tusken 1918 en 1923 yn ballingskip wenne. De Dútske keizer en syn famylje krigen nei de Earste Wrâldoarloch asyl yn Nederlân. De keizer wenne yn Doarn en syn soan Friedrich Wilhelm waard ferballe nei Wieringen.

Berne yn Oosterland[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: