Springe nei ynhâld

Sao Tomee (stêd)

Ut Wikipedy
Sao Tomee
São Tomé
Presidinsjeel paleis Sao Tomee
Presidinsjeel paleis Sao Tomee
Bestjoer
Lân Sao Tomee en Prinsyp
Provinsje Sao Tomee (eilân)
Distrikt Água Grande
Sifers
Ynwennertal 56.166 (2005)
Befolkingsticht. 1265 / km²
Oar
Stifting 1485
Tiidsône UTC (UTC+0)
Koördinaten
Sao Tomee en Prinsyp

Sao Tomee (Portugeesk: São Tomé, mei de betsjutting Sint-Tomas) is de haadstêd fan Sao Tomee en Prinsyp. De havenstêd is teffens de grutste stêd fan it lân en hie yn 2005 56.166 ynwenners. Ut de haven fan Sao Tomee wei wurde meast bananen, kakao en kopra útfierd. Yn de stêd stiet it Paleis fan de presidint fan it lân.

São Tomé waard stifte troch Portugal yn 1485. De Portegezen sochten dêr grûn om sûkerreid te ferbouwen. It eilân wie doe ûnbewenne, faaks sûnt ±1470. Sao Tomee krige genôch wetter en lei ticht genôch by de evener om in oerfloed fan sûkerreid ferbouwe te kinnen. It tichteby lizzende Afrikaanske Keninkryk Kongo soe eventueel de nedige slave-arbeiders leverje kinne foar de sûkerplantaazjes.

Sao Tomee is om in 16e iuwske katedraal hinne boud. Noch in âld bouwurk is Fort São Sebastião, út 1575 en no it Nasjonaal Museum fan Sao Tomee. Yn 1599 wienen de stêd en it eilân twa dagen yn Nederlânske hannen; yn 1641 duorre de Nederlânske besetting in jier. Dêrnei wie it de haadstêd fan de koloanje oant 1753 en sûnt 1852 hat it de haadstêd fan it lân west.

Untjouwing ynwennertal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Befolking Feroaring Tichtens
1990 (23 juny, folkstelling) 42,331 - -
2000 (16 juny, folkstelling) 49,997 - -
2003 (rûsd) 53,300 - -
2005 (berekkene) 56,166 - -

Sao Tomee hat in tropysk wiet/drûch klimaat mei in frijwat lang wiet seizoen (oktober oant maart) en in koart drûch seizoen. De delslach it jier leit krekt ûnder de 1000 mm. Temperaturen bliuwe relatyf konstant, mei in trochsneed hege temperatuer om de 30 °C en trochsneed lege temperaturen om de 22 °C.

Sao Tomee hat in ynternasjonaal fleanfjild mei tsjinsten op Europa en oare Afrikaanske lannen.


Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory São Tomé fan Wikimedia Commons.