Bergen op Soom

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Bergen op Zoom)
Jump to navigation Jump to search
Kaartsje fan Bergen op Soom

Bergen op Soom (Nederlânsk en offisjeel: Bergen op Zoom; Brabânsk: Bèrrege) is in stêd yn de Nederlânske provinsje Noard-Brabân en it haadplak fan de gemeente Bergen op Soom. Op skrift wurdt de namme bytiden ynformeel ôfkoarte as BoZ. Yn it tichtby lizzende Flaanderen is de Nederlânske skriuwwize Bergen-op-Zoom algemien, lykas op de beweiwizering oan de Antwerpske ring. De gemeente Bergen op Zoom hie begjin 2017 66.164 ynwenners en is dêrmei yn grutte de njoggende gemeente fan Noard-Brabân.

Toponymy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme Bergen op Zoom hat meardere ferklearrings, wêrûnder dy fan bergen as haven, of ferwizend nei de hichteferskillen troch de lizzing op de Brabânske Wâl, en it wurd Zoom as de râne fan de Brabânske Wâl, dan wol ôfkomstich fan it wurd soma, dat moeras betsjut. Mei de -letter groeven- feart de Zoom hat de namme neat te krijen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: