Springe nei ynhâld

Aksel (stêd)

Ut Wikipedy
Aksel
PKN-tsjerke
PKN-tsjerke
Symboalen
Bestjoer
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Seelân
GemeenteTerneuzen
Sifers
Ynwennertal7.971 (2026)[1]
Oerflak37,30 km²
wêrfan wetter: 0,82 km²
Befolkingsticht.217 ynw./km²
Hichte1 m
Oar
Stifting± 10e iuw (stedsrjochten 1218)
FerkearsierenN62 / N258
Postkoade4570–4571
Netnûmer0115
Koördinaten51°16' NB, 3°54' EL
Kaart fan Aksel
Kaart fan Aksel
Offisjele webside
https://www.terneuzen.nl
Kaart
Aksel (Seelân)
Aksel

Aksel (offisjeel: Axel) is in stêd yn Siuwsk-Flaanderen yn 'e Siuwske gemeente Terneuzen. Oant de gemeentlike weryndieling fan 2003 wie Aksel in selsstannige gemeente. De stêd hat 7971 ynwenners (2026).

Aksel wurdt foar it earst yn 991 as 'Axla' neamd. De namme soe "kastiel oan it wetter" betsjutte kinne. In oare serieuze teory is dat de namme ferwiist nei 'eksterboskje' (agnulauha). Yn 1183 krige it doarp stedsrjochten fan Filips fan 'e Elzas. Earder lei Aksel yn it rjochtsgebiet fan 'e stêd Gint. It plak ûntwikkele him ta in bloeiende merkstêd, mar waard dêrtroch ferskate kearen troch de Gintenaren plondere.

Tachtichjierrige Oarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Prins Maurits oermasteret Aksel (1586).

Yn 'e 16e iuw kaam it katolisisme ûnder druk te stean troch de ynfloed fan 'e Reformaasje. De Byldestoarm fan 1566 fûn fûleindich plak. 160 ynwenners fan Aksel en de omlizzende doarpen wiene oanhingers fan it protestantisme en tsien fan harren waarden as ketters terjochtsteld. Yn 1570 kaam Aksel troch de Alderheljenfloed op in eilân te lizzen. Troch de strategyske lizzing wie Aksel in belangryk doel en yn 1586 oermastere Prins Maurits de stêd op 'e Spanjerts; it wie ien fan syn earste wapenfeiten. Der waarden wiidweidige festingwurken oanlein, dy't yn 1816 offisjeel opheft waarden. Aksel hie as 'Lân fan Aksel' in bysûndere bestjoerlike status ûnder de Staten fan Seelân.

Yn 'e 18e en 19e iuw waard besocht de stêd better te ferbinen mei de see, mar dy projekten slaggen mar foar in part. Yn 1871 krige Aksel in spoarstasjon, dat oant 1951 tsjinne. De stêd hie yn 1806 hast 2.000 ynwenners.

Twadde Wrâldoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aksel waard tusken 16 en 19 septimber 1944 befrijd troch de Earste Poalske Pânserdivyzje. De striid wie hurd fanwegen de Dútske ferdigening en it ûnder wetter setten fan lân. Ferskate strjitnammen en it Szydlowskiplein betinke hjoed-de-dei de Poalske befrijers.

Oant de gemeentlike weryndieling fan 2003 wie Aksel in selsstannige gemeente. Yn 1970 waard de gemeente Aksel útwreide mei de gemeenten Koewacht, Overslag en Zuiddorpe en dielen fan Sint Jansteen, Vogelwaarde en Westdorpe. Dat jiers waard ek it wapen fan Aksel wizige. De liuw krige in kroan en gouden neils, in reade tonge en in halsbân mei in krús. De eardere gemeente hie in oerflak fan 72,36 km², dêr't 71,38 km² fan lân wie.

De flagge fan 'e eardere gemeente Aksel hat yn in baan om de ierde west. Lodewijk van den Berg, berne yn Sluiskil, naam de flagge mei de romte yn op syn missy mei de romtefear Challenger.

Aksel is bekend om syn eigen dracht. Troch de foar it grutste part protestantske ynslach fan Aksel en dat Aksel mear op it noarden fan Seelân rjochte wie, is de Akselske dracht mear besibbe oan Walcheren en Súd-Bevelân as oan de rest fan Siuwsk-Flaanderen. De Akselske dracht is in rike dracht en it Museum Het Warenhuis hat in grutte kolleksje yn syn besit. It lân fan Aksel bleau yn hannen fan 'e geuzen, wylst it omfiemjende lân fan it hjoeddeiske Siuwsk-Flaanderen yn 'e Tachtichjierrige Kriich Spaansk en katolyk bleau. Nei 1850 feroare de dracht en om 1870 hinne ûnstiene de hege 'wjukken' boppe de skouders fan 'e frouljusdracht. Troch de isolearre lizzing fan it protestantske Aksel bleau de befolking lang trou oan 'e dracht. De boerenfamyljes wiene dejingen dy't de dracht it langste en yn 'e meast útwrydske foarm yn stân holden.

Doe't jonge boeren yn 'e Earste Wrâldkriich mobilisearre waarden, holden hja op mei it dragen fan 'e tradisjonele klean. De froulju bleaune langer trou oan 'e dracht en de lêste froulju dy't de typyske klean droegen stoaren yn 'e jierren 1980.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Stedsmûne.

Fan de fjouwer tsjerken binne de PKN-tsjerken en de Nederlânsk Grifformearde tsjerke noch yn gebrûk. Der binne trije begraafplakken, wêrûnder ien by de eardere katolike Gregoariustsjerke.

De mûne op 'e festingwal waard yn 1911 ûnttakele en baarnde yn 'e jierren 1950 út. Sûnt 2000 is de mûne restaurearre en draait er wer foar it meallen fan nôt.

Yn it boskrike Smitsschorre stiet in goed 60 meter hege wettertoer, dy't te beklimmen is.

Yn 'e omjouwing fan Aksel lizze ferskate 19e-iuwske buorkerijen dy't as Ryksmonumint erkend binne.

  • It Museum Het Warenhuis is in streekmuseum dat it boere-ynterieur út 1880, in unike samling Akselse dracht en de skiednis fan 'e stêd toant. It museum draait folslein op frijwilligers en sit sûnt 2015 yn in âld warenhûs oan 'e Merk.
  • It Oarlochsmuseum Gdynia hat as tema de Twadde Wrâldkriich mei spesjaal omtinken foar de striid fan 'e Earste Poalske Pânserdivyzje om Aksel.
  • It Witte's Museum besit in lytse kolleksje fan âlde fototastellen en radio-apparatuer, sammele troch de bruorren Jan en Maarten Witte.
  • De ûnderferdjipping fan 'e Wettertoer tsjinnet as romte foar wikseljende útstallings oer benammen natoer en keunst. Om de toer hinne leit in hiemtún.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is in oersetting fan it Nederlânsktalige artikel, sjoch foar boarnen 90 nl:Axel

Gemeente Terneuzen
Stêden:

Aksel • Biervliet • Philippine • Terneuzen

Doarpen:

Hoek • Koewacht • Overslag • Sas fan Gint • Sluiskil • Spui • Westdorpe • Zaamslag • Zandstraat • Zuiddorpe

· · Berjocht bewurkje