Dúntsjerk
Dúntsjerk Dunkerque | ||
Polityk | ||
Lân | Frankryk | |
Regio | Opper-Frankryk | |
Departemint | Noarderdepartemint (59) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 92.923 (2009) | |
Oerflak | 43,89 km² | |
Befolkingsticht. | 2.117 / km² | |
Hichte | 0-17 m | |
Offisjele webside | ||
www.ville-dunkerque.fr |
Dúntsjerk (Nederlânsk: Duinkerke(n), Westflaamsk: Duunkerke, Frânsk: Dunkerque, Ingelsk: Dunkirk, Dútsk: Dünkirchen) is in stêd yn Frankryk, yn de regio Opper-Frankryk (Hauts-de-France), oan de grins mei Belgje. Dúntsjerk is in ûnderprefektuer fan it Noarderdepartemint (Nord) en it haadplak fan it arrondissemint Dúntsjerk, dat sa'n bytsje oerienkomt mei de Frânske Westhoeke.
Dúntsjerk leit oan de Noardsee (Opaalkust); de haven is de op twa nei grutste fan Frankryk, nei Marseille en Le Havre.
De stêdekloft Dúntsjerk hearre ek de gemeenten Grut-Sinten (Grande-Synthe), Sint-Pols (Saint-Pol-sur-Mer), Nij-Kâldtsjerk (Coudekerque-Branche), Leffrinkhoeke (Leffrinckoucke), Kapelle (Cappelle-la-Grande) en Fort-Mardyk (Fort-Mardyck) ta. Dúntsjerk is in sintrum fan belang foar de regio, oant yn Belgje ta.
Namme en taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Dúntsjerk komt fan it West-Flaamske "dun(e)" (dún) en "kerke" (tsjerke). Oant de midden fan de 20e iuw foel de stêd ûnder it Frânsk-Flaamske taalgebiet; hjoeddeis wurdt der noch wol in Flaamsk dialekt praat, mar it dialekt hat in soad terrein ferlern en wurdt stadichoan ferfongen troch it Frânsk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Dúntsjerk wurdt foar it earst neamd yn 1067.
Yn de Tachtichjierrige Oarloch hiene de Dúntsjerker kapers de stêd as útfalsbasis. Johan fan Oldenbarnevelt, riedpensjonaris fan Hollân, woe harren fuort hawwe om't sy de hannel fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen slim behinderen, mar in fjildtocht fan Maurits fan Oranje tsjin de kapers rûn út op de Slach by Nijpoart. De prins fûn fierder oplûken nei Dúntsjerk dêrnei te gefaarlik en luts him tebek sadat de kapers foarearst har gong gean bliuwe koene.
Begjin Twadde Wrâldkriich, yn 1940, waard de stêd ferneamd troch de evakuaasje fan it Britske ekspedysjeleger dat op de rin wie foar de Dútsers. Dy flecht makke dúdlik dat it leger ferbettere wurde moast. De kaam dêrnei in goede oplieding fan ofsieren en soldaten en in wichtige ferbettering fan oarlochsmateriaal. Dat hat sines dien foar de striid fan it Feriene Keninkryk tsjin Nazi-Dútslân. Nei de ynvaazje yn Normandje yn 1944 waard Dútsjerk net befrijd. Dútske troepen hâlden de stêd beset oant de algemiene oerjefte op 8 maaie 1945. De festing waard út IJmuiden wei oant maaie 1945 befoarriede troch Dútske ûnderseeërs (type Seehund).
Ferkear en ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dúntsjerk hat in fearboatferbining mei Dover yn Ingelân. It spoarstasjon (Gare de Dunkerque) biedt ferbinings mei Kales, Lille (TGV), Arras, Parys (TGV) en ferskate plakken yn de regio.
De stêd leit fierders oan de snelwei E40, dy't sa'n 40 kilometer bewesten Kales begjint. Yn súdeastlike rjochting is der de E42/A25, dy't Frânsk-Flaanderen trochkrúst rjochting Rysel en by Bergen op de E19 útkomt.
Teffens komme fiiftal kanalen by Dúntsjerk út.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- it stedhûs en it belfort dat der by heart
- it belfort fan de Sint-Eligiustsjerke
- de kapel Us Leaffrou yn de Dunen (1403 fannijs boud)
- de Sint-Eligiustsjerke (Frânsk: église Saint-Éloi)
- de Toren van de Leughenaer, in 15e-iuwske festingtoer
- it opliedingsskip De hartoginne Anne (La duchesse Anne)
- it ljochtskip Sandettie
- it kertier fan de sitadel
- It stedsbegraafplak fan Dúntsjerk mei mear as 1.800 Frânske oarlochsgrêven út de Earste Wrâldkriich en mei goed 1.000 Britske grêven út beide wrâldkrigen. Teffens stiet dêr it Dunkirk Memorial, in Britsk monumint foar de goed 4.500 sneuvelen út WKII dêr't gjin grêf fan bekend is.
Museums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Belfort
-
Tour du Leughenaer
-
Sint Eligiustsjerke
-
Stedhûs
-
Karnival yn Dúntsjerk
-
Bûlevaar fan Dúntsjerk
-
Strân fan Dúntsjerk
Berne yn Dúntsjerk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jan Bart (1650-1702), kaper yn tsjinst fan Frankryk
- Michiel de Swaen (1654-1707), Flaamsk dichter (rederiker)
- Paul Meurisse (1912-1979), akteur
Susterstêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- kar-út
- Krefeld (Dútslân), sûnt 1974
- Middlesbrough (Feriene Keninkryk)
- Eindhoven (Nederlân)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Dunkerque fan Wikimedia Commons. |