Springe nei ynhâld

Lûanda

Ut Wikipedy
Lûanda
Polityk
Lân Angoala
Provinsje Lûanda
Sifers
Ynwennertal 4.937.432 (2010)
Befolkingsticht. 2.041,9 / km²
Hichte 6 m
Oar
Stifting 1575
Koördinaten
Lizzing yn Angoala

Lûanda of Luanda (Portegeesk: Luanda; eartiids Loanda) is de grutste stêd en haadstêd fan Angoala. It is fêstige oan de kust mei de Atlantyske Oseaan en foarmet it bestjoerlik sintrum fan Angola. It hat in wichtige seehafen en it tal ynwenners wie yn 1995 likernôch 3 miljoen. Lûanda is ek haadstêd fan de provinsje Lûanda. De ynternasjonale lofthaven fan Lûanda is Lofthaven Quatro de Fevereiro

Lûanda is diele yn twa parten, Baiksa (âlde stêd) en Sidadealta (nije part fan de stêd). Baiksa is situearre njonken de haven en hat smelle strjitten en âlde koloniale wennings.

Lûanda yn 2005

Lûanda waard yn 1575 stifte troch de Portugeeske ûntdekkingsreizger Paulo Dias de Novais as São Paulo de Lûanda. Yn 1618 waard de festing Fortaleza Sao Pedro da Barra boud en yn 1634 waard de festing Fortaleza de Sao Miguel foltôge. De stêd hat sûnt 1627 it bestjoerlik sintrum fan Angoala west, útsein de perioade 1640 oant 1648. Yn 1640 waard Lûanda ferovere troch in float fan de Nederlânske Westyndyske Kompanjy, laat troch Cornelis Jol. De delsetting hjitte doe Fort Aardenburg. Dat fort wie doe part fan de Nederlânske Loango-Angoala kust. Yn 1648 feroveren de Portugezen it gebiet op 'en nij.

Fan likernôch 1550 oantt 1850 wie Lûanda in sintrum fan slavehannel nei Brazylje, ek in Portugeeske koloanje. Yn de 17e iuw waarden de slaven foar de Lûandamerk oanlevere troch de Imbangala en har rivalen de Mbundu. Yn de 50er jierren fan dy iuw waarden jierliks tusken de 5000 oant 10.000 slaven ferkocht. Om 1850 hinne wie Lûanda ien fan de grutste en bêst ûntwikkele Portugeeske stêden bûten Portugal sels; dêr sieten is soan hannelsûndernimmingen, dy't produkten sa as palm- en pindaoalje, was, kopal, hout, ivoar, katoen, kofje, kakao en noch in protte oare saken ekspotearren. Teffens begûn doe de pleatslike produksje fan mais, drûge fleis, tabak en kassavemoal op gong te kommen.

Doe't Angoala yn 1975 ûnôfhinklik waard, ferfarde in grut part fan de Portegeeske befolking út Lûanda, dat doe al in moderne stêd wurden wie. Dy lju waarden ferfongen troch grutte oantallen Kubanen. In protte dêrfan wienen militêren. Lûanda is de sit fan roomsk-katolieke aartsbiskop. Ek de Universiteit fan Angoala en it paleis fan de gûverneur binne dêr festige.

De boargeroarloch, dy't sûnt de selsstannigens yn 1975 taholde, wie yn april 2002 dien. Nei dat jier koe de ekonomy him earst goed ûntjaan, mei troch de groei fan de oalje- en diamantproduksje. It lân is noch drok dwaande mei it (fannijs) opbouwen fan de ynfrastruktuer, sa as diken, skoallen en medyske foarsjennings.

In tredde part fan Angoala har befolking wennet yn Lûanda, 53 % dêrfan libbet anno 2009 yn earmoed.

Befolkingsgroei tusken 1750 en 2007