Noardpoldersyl
Noardpoldersyl (Nederlânsk en offisjeel: Noordpolderzijl; Grinslânsk: Polderziel) is in buorskip yn de gemeente It Hegelân, benoarden Uskwert yn de provinsje Grinslân. Noardpoldersyl hat de lytste seehaven fan Nederlân en leit oan de Waadsee súdlik fan Rottumereach. De namme fan de buorskip ferwiisd nei de syl fan de Noardpolder.
Haven
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De letterkoade foar de boaten dy't Noardpoldersyl as thúshaven hawwe is UQ, de ôfkoarting fan Uskwert (nei it Nederlânk: Usquert). Meastal lizze dêr mar ien of twa fiskersboaten. De haven waard fral brûkt troch grenaatfiskers. Yn it ferline hat dêr in fiskôfslach west.
De haven is by heechwetter berikber troch in smelle, ûndjippe slinke, de Noordpoldermude. By eb falt it haventsje drûch. Dy slinke is ferbûn mei de Súd-East Lauwers, in djippe slinke dy't yn westlike rjochting nei it seegat tusken it Simenssân en Rottumerplaat laat. Nei it easten ta wurdt de Súd-East Lauwers stadichoan ûndjipper; it begjin leit by it wantij fan Rottumereach.
It Zielhoes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neist de eardere fiskôfslach stiet it kafee, it Zielhoes (Nederlânsk: sashuis/sluishuis) hjitten. De wente derneist is de eardere tsjinstwenning fan de slûswachter. De spuislûs is funksjonearret net mear, mar de lânkant fan de monumintale slûs is der noch. In gemaal, dat ek Noardpoldersyl hjit, hat de funksje fan de slûs oernaam.
Sport en rekreaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plakje lûkt in protte toeristen. It is ien fan mar in pear plakken yn noard-Grinslân dêr't men sûnder muoite by de dyk komme kin, om sa fan de Waadsee te genietsjen.
Noardpoldersyl leit oan de Europese kuierrûte E9 dy't fan Portugal nei de Baltyske steaten rint. Pleatslik is de rûte ek bekend as Waad- en Wierepaad.
Land art
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1980 oant 1985 waard de noardlike seedyk troch it wetterskip Ommelannerseedyk op deltahichte brocht. De slûs út 1811 waard doe út needsaak ferfongen troch in ôfwetteringsgemaal. De âlde, tichtmitsele slûs waard yn 1986 part fan in saneamd land art projekt, in stienmozayk, ûntwurpen troch J.H. van Loon. Dit keunstwurk is út de fierte wei al te sjen.
-
Land art projekt Jan van Loon 1986
-
Land art projekt Jan van Loon 1986