Aldedyk (It Hegelân)
Appearance
(Trochferwiisd fan Aldedyk (De Marne))
Aldedyk (Nederlânsk en offisjeel: Oudedijk) is in streekje yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân. It leit fuortendaliks noardlik fan Piterbuorren. It streekje is ek wol bekend as Dykstertocht. Wat eastliker leit oan deselde dyk de buorskip Kaakhorn. Wat mear nei it westen ta stie eartiids de boarch Dijksterhuis.
De seedyk dêr't it streekje nei neamd is leit wyls in ein fierder fan de Waadsee ôf. De dyk is al út de tiid fan de 13e iuw. Noardlik fan de âlde dyk binne letter noch twa diken oanlein.
Pleatsen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Themaheerdt op nr. 2 út 1885
-
Pleats op nr. 13 út 1864
-
Bolt op nr. 19 út 1801