Kuzemerbalk
Appearance
(Trochferwiisd fan Kuzemerbalke)
Kuzemerbalk is in buorskip yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân. It leit krekt besuden Sebaldebuorren.
De namme ferwiist oan de iene kant nei it kleaster fan Kuzemer, en oan de oare kant nei in balk (in smelle brêge) oer it wetter. Dêr't no it Wolddjip rint, streamde eartiids in smeller wetterke. Oer dat wetter lei in houten balke, in smelle loopbrêge. Fia dy balke koenen de kleasterlingen nei De Jouwer, dêr't it kleaster lannerijen hie.
De âlde balk bestiet net mear. Nei alle gedachten lei dy krekt benoarden de hjoeddeiske fuotbrêge oer it Wolddjip.
-
Part fan de buorskip bewesten "de balk"'
-
Fuotgongersbrêge
-
Wolddjip (nei it noarden sjoen)