Okswert
Okswert (Nederlânsk en offisjeel: Okswerd, mar ek wol: Oxwerd) is in buorskip yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân. De buert leit tusken Niezijl en Noardhorn, eat benoarden it van Starkenborghkanaal, yn de Okswertermolepolder. De namme komt grif fan de mânljusnamme Okke of Oks dy't ôflaat is fan okse of bolle. 'Wert' is hjir nei alle gedachten yn de algemiene betsjutting fan 'út wetter oprizend lân' brûkt, it buertsje leit op in âlde kustwâl.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De pleatsen fan Okswert lizze oan de âldste sedyk fan it Langewâld, dy't yn 1250 troch muontsen fan de kleasters Aduard en Jeruzalim (Gerkeskleaster) oanlein waard fanôf Gerkeskleaster nei de balstienliemrêch fan Noard- en Súdhorn. Dizze rûn ten suden fan de lettre doarpen Grijpskerk en Niezijl en lâns Okswert. Oer dizze dyk rûn de âlde ferbiningsrûte tusken Fryslân en Grinslân, dy 't ek wol 'De Roder' neamd waard. Fan de dyk is neat mear oer. Yn Grijpskerk is oer de âlde rûte fan de dyk letter de strjitte 'De Roder' lein. Yn 1416 is by Okswert foar it earst sprake fan in syl, dy't lei op it punt dêr't it Stille Djip de dyk kruse. Troch har lizzing oan de trochgeande rûte tusken beide provinsjes foarme it in strategysk punt. Yn 1417 waard der fochten tusken de Skieringers en Fetkeapers yn de Slach by Okswertersyl, wêrby't de lêsten wûnen. Mooglik waard der doe yn sân hasten in 'slot' boud, want yn 1422 waard dit slot foar it earst en lêst neamd yn it ramt fan de Grinzer Soen, wêrby't it sljochte waard. De syl komt foar ûnder de nammen Slottersyl (nei it slot), Okswertersyl en Fredewâldersyl (nei it wetterskip Fredewâld, dy't derop ôfwettere. Om 1457 waard de syl ferpleatst nei it noarden om de nije bedikingen fan de Alde Ryd tichtby Balmahuzen en by it 'Ipegat' (De Kolk) dellein. Tichtby dizze syl sil mooglik de fjildslach bard wêze tussen de stêd Grins en Nittert Foks; dy wûn en Noard- en Súdhorn platbaarne liet. Neidat yn 1548 de dyk trochbruts by De Kolk (fandêr de namme), wie dizze yn 1554 tichtslike. In oplossing waard troch Fredewâld socht yn ôfwettering fia de Aduardersyl, mar neidat in oerienkomst mei it Aduardersylfest al in feit wie kamen de stêd Grins en de stedshamrik der tsjin yn it gewear omdat se bang wienen foar wetteroerlêst. Fredewâld liet dêrop de syl dan mar noch fierder streamôfwerts ferpleatse nei de dyk by Niezijl, dêr't yn 1561 de Nije Slottersyl (of Nijslottersyl) oanlein waard dy't de basis foarme fan it Nijslottersylfest. Yn 1598 waard nei jierren fan oarloch en ferwoasting wat noardliker de nije Kommersyl boud.
Benoarden de buert leit de pleats Norrits. Benoarden dy pleats barde yn 1581 de Slach op it Norritsfjild tusken Steatsen en Spaanske troepen. De oanfierder fan de Steatske troepen, dy't de slach ferlearen, hjitte John Norreys (yn de folksmûle ferbastere ta 'Norrits'). Nei him wurdt de streek dêr ek wol Norritsfjild neamd.
-
Part fan it trasee fan de eardere dyk fan de Fryske Strjitwei ôf sjoen rjochting fan Okswert
-
Trasee fan de eardere dyk yn de rjochting fan Noardhorn. It trasee einiget by de eardere herberch 'De Gouden Leeuw' yn Noardhorn, dy't foar it earst neamd wurdt yn 1622.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |