Aldedyk (It Hegelân)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oudedijk (De Marne))

Aldedyk (Nederlânsk en offisjeel: Oudedijk is in streekje yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân. It leit direkt noardlik fan Piterbuorren. It streekje stiet ek wol bekend as Dykstertocht. Wat eastliker leit oan deselde dyk it buorskip Kaakhorn. Wat mear nei it westen ta stie eartiids de boarch Dijksterhuis.

De seedyk dêr't it streekje nei neamd is leit wyls in ein fierder fan de Waadsee ôf. De dyk is al út de tiid fan de 13e iuw. Ten noarden fan de âlde dyk binne letter noch twa diken oanlein.

Pleatsen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]