Matsloot

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Matsleat)
Eiteweert, in pleats yn it Drintske part fan Matsloot (2013)

Matsloot is in streek en buorskip yn de gemeente Grins (Grinslân) en diels yn de gemeente Noardenfjild yn Drinte. De streek is neamd nei de yn Drinte lizzende Matsloot, in brede wettergong dy't útrint yn de Lykstermar. Mat betsjut mêd ('miede').

It gedielte fan Matsloot benoarden de A7 falt ûnder Grinslân. Dat gebiet wurdt op it stuit (2009-2011) ynrjochte as yndustryterrein, mei as namme Westpoarte. It gedielte besuden de A7 falt ûnder Noordenveld. Dêr is ûnder oare de bekende nightclub (seksklup) de 'Woeste Hoeve' te finen.

Op de wierde Hoogheem hie it sistersjenzer nonnekleaster Mariënkamp te Assen in úthof of foarwurk foar de berging fan fee en hea.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Falkplan-plattegrûn fan Grins, 60e edysje (2010), betitelt Matsloot-súd as 'gemeente Leek' ynstee fan Noardenfjild.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noardenfjild
Doarpen:
RoanAltenaFeanhuzenIenLangeloLeutingewoldeLieverenNietapNij-RoanNoarchPeestPeizePeizermadeRoaneriesRoanerwâldeSteenbergenWesterveldeZuidvelde
Buorskippen:
Allardseach (foar in part)AlteveerAmerikaBoerlaanIen-WestDe StreekFoxwoldeHuis ter HeideKlunderveenMatslootNorgerfeart (foar in part)Oostindië (foar in part)PeizerwoldDe PolSandebuurTerheijl
wizigje