Maartensdijk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Maartensdyk)
Maartensdijk
Nederlânsk-herfoarme doarpstsjerke
Flagge Wapen
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente De Bilt
Sifers
Ynwennertal 4.880 (1 jannewaris 2021)[1]
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 8' 60" NB, 5° 10' 59" EL
Lokaasje gemeente De Bilt
Lokaasje Maartensdijk yn de gemeente De Bilt

Maartensdijk is in doarp en eardere gemeente yn de hjoeddeiske gemeente De Bilt, yn de provinsje Utert. It doarp hat 4.880 ynwenners (2021). De gemeente omfieme by de opheffing yn 2001 de doarpen Maartensdijk, Groenekan, Hollandsche Rading en Westbroek.

Maartensdijk is ûntstien yn in grut feangebiet tusken It Goai en de Utertse Fecht, dat it "Eastfean" neamd waard. Yn de 15e iuw dûkte de namme Maartensdijk foar it earst op, as in wetterwurk yn dat Eastfean. De delsetting dy't der yn de neikomende jierren omhinnegroeide krige op it lêst deselde namme. De gemeente besloech yn it earstoan hast it hiele Eastfean.

Oarspronklik wie Maartensdijk in lintdoarp by de Doarpswei lâns (dy't nei de ferfeanting fan it gebiet noch "de Sint Maartensdijk" neamd waard). Dy dyk wie ien fan de ûntginningsassen yn it ûntgûne feangebiet. Letter is it doarp sterk yn súdlike rjochting útwreide, wêrtroch it syn lintfoarm ferlern hat. Dochs is der nea in echte buorren ûntstien.

Boargemasters[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferneamde ynwenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Plakken yn de gemeente De Bilt
Flagge fan de gemeente De Bilt
Haadplak: Bilthoven
Doarpen : De BiltGroenekanHollandsche RadingMaartensdijkWestbroek
Buorskippen: Achttienhoven