Wikipedy:Haadside-ynfo/side fan de wike 2023

Ut Wikipedy

Siden fan de wike yn 2023[boarne bewurkje]

Wike 1

Frederick Douglass (berne as: Frederick Augustus Washington Bailey; Talbot County (Marylân), ±febrewaris 1818Washington, D.C., 20 febrewaris 1895), wie in Amerikaansk polityk aktivist, predikant, publisist, redakteur, diplomaat en steatsman fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf. Hy waard as slaaf berne yn it Amerikaanske Suden, mar wist oan syn eigner te ûntsnappen en sette him nei wenjen yn it Noarden. Dêr ûntjoech Douglass him meitiid ta ien fan 'e lieders fan 'e abolisjonistyske beweging en waard er ferneamd om syn meislepende taspraken en trochkringende geskriften. Hy leaude sterk yn 'e gelikensens fan alle minsken, oft se no blank, swart, froulik of Yndiaansk wiene. Ien fan syn bekendste sitaten is: "Ik soe my by lykfolwa oanslute om goed te dwaan, en by nimmen om kwea te dwaan." Douglass wurdt no rûnom beskôge as de wichtichste lieder fan 'e Afro-Amerikaanske mienskip yn 'e njoggentjinde iuw.

Lês fierder


besjen


Wike 2

De Bibel is de gongbere namme foar in kanonike samling teksten dy't yn ûnderskate gearstallings as hillich beskôge wurdt troch de joadske en kristlike godstsjinsten. Ferskillende religieuze groepen beflappe ferskillende boeken yn harren kanons of foegje ekstra materiaal ta oan 'e kanonike teksten. Yn 'e Westerske wrâld (en dêrmei dus ek yn Fryslân) sil mei "de Bibel" ornaris de algemiene kristlike kanon fan 66 boeken bedoeld wurde, mar de kanon fan 'e Etiopysk-Otterdokse Tsjerke beslacht 88 boeken, wylst de joadske Bibel, de Tenach, mar 24 boeken hat. Dy omfettet inkeld it earste diel fan 'e kristlike Bibel, it saneamde Alde Testamint, dat oarspronklik skreaun wie yn it Hebriuwsk, mei beskate passaazjes yn it Arameesk. It twadde diel fan 'e kristlike bibel, it Nije Testamint, is in lettere tafoeging en wie oarspronklik skreaun yn it Gryksk.

Koartsein fertelt de Bibel it ferhaal fan 'e skiednis fan 'e wrâld en de minske, hoe't dy troch de iene God skepen binne en hoe't it dermei ôfrinne sil oan 'e ein fan 'e tiden. Hoewol't it eins in samling fan losse geskriften is dy't oanwiisber skreaun binne troch in ferskaat oan skriuwers (likernôch fjirtich), oer in perioade fan om-ende-by de tûzen jier, beskôget in grut part fan 'e joadske en kristlike leauwenden de Bibel dochs as "it Wurd fan God"; sy hâlde út dat de skriuwers de wurden dy't se delskreaune fan God krigen hawwe moatte troch de wei fan godlike ynspiraasje. De âldste oerlibjende folsleine kristlike Bibels binne Gryksktalige manuskripten út 'e fjirde iuw. It âldste hanskrift fan 'e joadske Tenach, yn it Hebriuwsk en it Arameesk, datearret út 'e tsiende iuw. De Bibel is it meast ferkochte boek yn 'e wrâld, mei in jierlikse ferkeap fan 25 miljoen eksimplaren. It is ek it meast oersette boek en hat troch de iuwen hinne in grutte ynfloed hân op 'e Westerske kultuer en op 'e talen fan joadske en kristlike folken. De earste folsleine Fryske bibeloersetting, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, ferskynde yn 1943.

Lês fierder


besjen


Wike 3

De Winchester Model 1873 is in model hefboomladend repeteargewear fan 'e Amerikaanske Winchester Repeating Arms Company, dat foar it earst op 'e merk brocht waard yn 1873. It wie in modernisearre ferzje fan it earste model Winchester, de populêre Winchester Model 1866. De Winchester Model 1873 woeks út ta in noch folle súksesfoller fjoerwapen, dat in grutte rol spile by de kolonisaasje fan it Wylde Westen. It gewear krige sadwaande de bynamme "The Gun that Won the West". Ek oardel iuw letter is de Winchester Model 1873 (of Winchster '73, sa't er ek wol neamd wurdt) noch altyd in kultureel ikoan fan 'e Feriene Steaten.

Lês fierder


besjen


Wike 4

Ahsoka Tano is in fiktyf bûtenierdsk personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hja is in Togruta dy't Jedi-ridder wurdt ûnder it mentorskip fan Anakin Skywalker. De geastlike heiten fan it personaazje wiene Star Wars-betinker George Lucas en regisseur Dave Filoni. Ahsoka waard yn 2008 yntrodusearre yn 'e lange tekenfilm Star Wars: The Clone Wars en kearde werom yn seizoen 2 oant en mei 5 fan 'e dêropfolgjende tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars. Letter kearde se jitris werom yn ferskate ôfleverings fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: Rebels, dêr't se de koadenamme Fulcrum brûkte. Alle kearen waard de dialooch fan Ahsoka ynsprutsen troch stimaktrise Ashley Eckstein, dy't as sadanich ek in stimcameo hie yn 'e live-actionfilm Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker.

Ahsoka is ek de protagoniste fan 'e nei har ferneamde roman Star Wars: Ahsoka, wêrfoar't Eckstein de audioboekferzje foarlies. As live-actionpersonaazje makke Ahsoka har debút yn it twadde seizoen fan 'e Disney+-tillefyzjesearje The Mandalorian, wêryn't har rol spile waard troch aktrise Rosario Dawson. Dyselde kroep fannijs yn 'e hûd fan it personaazje foar in gastrol yn 'e searje The Book of Boba Fett, en se sil ek de titelrol fertolkje yn in oan Ahsoka Tano wijde minysearje dy't op steapel stiet, mei as titel Ahsoka. Hoewol't de mienings fan sawol kritisy as fans yn 't earstoan ferdield wiene oer Ahsoka, ûntjoech se har meitiid ta in wiere favoryt fan 'e fans, en waard se oanwiisd as in "sterk froulik personaazje" en in posityf rolmodel foar famkes.

Lês fierder


besjen


Wike 5

Sansibar, offisjeel de Autonome Republyk Sansibar (Swahily: Jamhuri ya Watu wa Zanzibar; Ingelsk: Autonomous Republic of Zanzibar; Arabysk: زنجي بار, Zanji Bār) is in autonome republyk binnen de Feriene Republyk Tanzania. It gebiet bestiet út it grutste part fan 'e Sansibareilannen, dy't foar de kust fan East-Afrika yn 'e Yndyske Oseaan lizze. De wichtichste eilannen fan 'e autonome regio binne Sansibar en Pemba. De haadstêd hjit ek fan Sansibar, en leit op it eilân mei deselde namme. De autonome republyk Sansibar hie neffens de Tanzaniaanske folkstelling fan 2012 goed 1,3 miljoen ynwenners. Foarhinne wie Sansibar efterinoar in koloanje fan Portegal, in oerseesk gebietsdiel fan Omaan, in ûnôfhinklik sultanaat, in Britsk protektoraat, doe op 'e nij in ûnôfhinklik sultanaat dat nei in bloedige steatsgreep omfoarme waard ta in folksrepublyk, om úteinlik yn april 1964 mei de Republyk Tanganjika gearfoege te wurden ta de Feriene Republyk Tanzania.

Lês fierder


besjen


Wike 6

It tiidrek fan de Midfryske literatuer, de literatuer yn it Midfrysk, begûn nei it ferskinen fan de lêste Aldfryske teksten, om 1550 hinne. Ornaris wurdt Gysbert Japiks (ôfbylde) yn dizze perioade op in seldsume hichte steld. Mar oare skriuwers lykas Johannes Hilarides, heit en soan Althuysen (Simen en Jan) en Feike Hiddes van der Ploeg wienen ek tige warber en hawwe fertsjinstlik wurk ôflevere. 'Bestsellers' fan de Midfryske literatuer binne lykwols Wouter in Tialle en Ansk in Houck fan Johan van Hichtum en It libben fan Aagtje Ijsbrants fan Eelke Meinerts. It grutste literêre súkses fan de 18e iuw wie Waatze Gribberts brulloft mei allinnich yn dy iuw al fjouwer werprintingen.

Lês fierder


Besjen


Wike 7

Vlad III (* tusken 1428 en 1431 yn desimber 1476 of jannewaris 1477), byneamd Vlad de Speetser (Roemeensk: Vlad Ţepeş, útspr.: [vlad 'ʦepeʃ], likernôch: "vlad tsee-peesj") of Vlad Dracula (Roemeensk: Vlad Drăculea, útspr.: [vlad 'drəkulja], likernôch: "vlad druh-kûl-ja"), wie yn 1448, fan 1456 oant 1462 en nochris yn 1476 woiwode ("hartoch" of "foarst") fan it Foarstedom Walachije, in steat dy't it súdlike part fan it hjoeddeistige Roemeenje besloech. Hy wie de twadde soan fan Vlad II Dracul, dy't yn 1436 op 'e Walachyske troan kaam. Nei't syn heit en âldere broer Mircea II yn 1447 omkamen by in Hongaarske ynvaazje, brocht Vlad de Speetser jierren yn ballingskip troch.

Doe't er yn 1456 ienris fêst op 'e troan kommen wie, fierde er in bloedige suvering troch ûnder de Walachyske adel. Hy kaam yn konflikt mei de Transsylvaanske Saksers, in rike Dútsktalige minderheid, dy't ferskate oare troanpretendinten tsjin him stipen. Yn 1462 foel Vlad it Osmaanske Ryk binnen en brocht er de Turken swiere nederlagen ta. Doe't er nei Transsylvaanje reizge om dêr om Hongaarske stipe te freegjen, waard er ferret en finzenset. Nei't er yn 1475 frijlitten wie, wist er ein 1476 syn hearskippij wer oer Walachije te fêstigjen, mar syn tsjinstanner, Basarab III, kaam werom mei in Osmaansk leger en Vlad sneuvele yn 'e striid. Tsjin dy tiid wie syn wreedheid legindarysk wurden, en boeken oer dat ûnderwerp hearden ta de earste bestsellers fan it Dútske taalgebiet. Dy reputaasje en syn patronym ynspirearren yn 1897 de Ierske skriuwer Bram Stoker ta it personaazje greve Dracula yn syn roman Dracula. Nettsjinsteande dat wurdt Vlad de Speetser yn Roemeenje beskôge as in nasjonale held.

Lês fierder


besjen


Wike 8

In planetestelsel of planetêr systeem is in kloft himellichems, mei as wichtichsten ien of mear planeten, dy't byinoar holden wurdt troch de swiertekrêft fan in stjer, dêr't it hiele spul yn astronomyske banen om hinne rûntsjedraait. Soms sprekt men ek fan in sinnestelsel, mar dat kin ta betizing liede mei it Sinnestelsel. It bekendste planetestelsel is it Sinnestelsel, dêr't ek de Ierde diel fan útmakket. Foar oare planetestelsels wurde ek wol de termen eksoplanetestelsel of eksoplanetêr systeem brûkt. Op 1 april 2022 hiene astronomen 3.673 fan sokke eksoplanetestelsels ûntdutsen, wêrfan't teminsten 815 mear as ien planeet omfetten.

Lês fierder


besjen


Wike 9

Casablanca is in Amerikaanske romantyske film tsjin 'e eftergrûn fan 'e Twadde Wrâldoarloch (mar eins gjin oarlochsfilm) út 1942 ûnder rezjy fan Michael Curtiz. De haadrollen waarden fertolke troch Humphrey Bogart en de Sweedske aktrise Ingrid Bergman, ûnderstipe troch wichtige byrollen fan Claude Rains, Paul Henreid, Dooley Wilson en Conrad Veidt. De titel ferwiist nei it plak fan hanneling: de Marokkaanske stêd Kasablanka. De film waard basearre op it (doe noch) net yn produksje nommen toanielstik Everybody Comes to Rick's fan Murray Burnett en Joan Alison.

It ferhaal giet oer Rick Blaine, in Amerikaan om utens, dy't hâldt fan Ilsa Lund, in troude frou. Har man Victor Laszlo is in foaroanman fan it Tsjechoslowaakske ferset dy't op 'e flecht is foar de nazys. Yn it troch Vichy-Frankryk en syn nazy-Dútske bûnsgenoaten behearske Kasablanka komt Blaine foar de kar te stean om 'e oare kant út te sjen as Laszlo arrestearre wurdt, sadat er Ilsa foar himsels winne kin, of om Laszlo en Ilsa te helpen en ûntkom nei it neutrale Portegal.

Hoewol't der dúdlik tinkflaters yn 'e film sitte, krige Casablanca fan 'e filmkritisy yn 1942 oer it algemien positive resinsjes. De makkers beskôgen it lykwols net as in útsûnderlike produksje, en dat de film yn 1944 trije Oscars wûn (wêrûnder de Oscar foar Bêste Film) kaam dan ek as in ferrassing. Neitiid woeks de reputaasje fan Casablanca oanhâldend oan, en tsjintwurdich wurdt de film rûnom beskôge as in wiere klassiker en ien fan 'e bêste films aller tiden. De haadpersoanen, de titelmuzyk (As Time Goes By) en ferskate sitaten út 'e dialooch hawwe allegear ikoanyske status berikt. Yn 1989 waard Casablanca foar preservearring opnommen yn it National Film Registry.

Lês fierder


besjen


Wike 10

Ultrafiolet of ultrafiolette strieling (ynternasjonaal ôfkoarte ta UV, fan ultraviolet) ferwiist nei in diel fan it elektromagnetysk spektrum mei in weachlingte dy't fariëarret fan 10 oant 400 nm. Dy weachlingte is koarter as sichtber ljocht, mar langer as röntgenstrieling. Ultrafiolet grinzget sadwaande oan 'e kleur fiolet yn 'e 'ûnderste' útein fan it foar minsken sichtbere ljochtspektrum, krekt sa't ynfraread grinzget oan 'e kleur read yn 'e 'boppeste' útein. Ultrafiolette strieling makket ûnderdiel út fan it sinneljocht, dêr't it foar likernôch 10% oan bydraacht. It wurdt ek keunstmjittich produsearre by it laskjen en troch spesjalisearre lampen, lykas kwikdamplampen, hichtesinnen en blacklights. Ultrafiolet ljocht hat sawol skealike as heilsume effekten op it libben op 'e Ierde.

Lês fierder


besjen


Wike 11

Dijon (Frânske útspr.: [di'ʒõ], likernôch: "dy-zjo"; Lûdsfragmint beharkje) is in stêd en gemeente yn it easten fan Frankryk, dy't de haadstêd is fan it omlizzende departemint Côte-d'Or en fan 'e regio Boergonje-Franche-Comté. It is ek de haadstêd fan 'e histoaryske regio en provinsje Boergonje. Yn 'e Midsiuwen wie Dijon as de haadstêd fan it machtige Hartochdom Boergonje ien fan 'e politike sintra fan West-Jeropa, dat yn oansjen, kennis en rykdom plakken as Parys en Londen nei de kroan stiek. Tsjintwurdich is Dijon ferneamd om syn arsjitektuer (benammen de dakpannen), de histoaryske binnenstêd, dy't yn 2015 opnommen is op 'e Wrâlderfgoedlist fan de UNESCO, en de Dijonmoster. De stêd hie yn 2016 in befolking fan 155.000 minsken, wylst de stêdekloft fan Dijon, mei alle foarstêden en it heal ferstedske omlizzende plattelân derby, yn 2007 goed 250.000 ynwenners telde.

Lês fierder


besjen


Wike 12

It everswyn (Latynske namme: Sus scrofa), ek wol bekend as de ever of evert, it wylde swyn of de wylde baarch, is in sûchdier út it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla) en de famylje fan 'e bargen (Suidae). It is lânseigen yn hast hiel Jeropa, it grutste part fan Aazje en dielen fan Noard-Afrika, mar komt no ek as eksoat yn oare gebieten foar, lykas de Amearika's en Australaazje. It everswyn is dêr faak ferantwurdlik foar frijwat ekologyske skea oan 'e lânseigen floara en fauna. Yn Fryslân komt dizze omnivoar inkeld foar yn it uterste súdeasten. Everswinen libje yn famyljetroepen en binne benammen yn 'e skimer aktyf. Us domestisearre baarch stammet fan it everswyn ôf en plantet him der noch altyd sûnder swierrichheden mei fuort.

Lês fierder


besjen


Wike 13

Robert Louis Stevenson (berne as: Robert Lewis Balfour Stevenson; Edinburgh, 13 novimber 1850 – Vailima (Samoä), 3 desimber 1894) wie in Skotsk skriuwer fan romans, koarte ferhalen, gedichten, essays, toanielstikken en reisferhalen. Syn bekendste wurken binne de aventoereromans Treasure Island en Kidnapped, en de novelle Strange Case of Dr Jekyll and Mr Hyde, in ier foarbyld fan it fantasysjenre en/of fan horror.

Stevenson hie it oan 'e luchtwegen, in krupsje dy't him frijwol syn hiele libben parten spile. Nettsjinsteande dat skreau er oan ien stik wei en reizge er ek in hiel protte yn in tiid dat soks djoer en gefaarlik wie. Syn frou Fanny Van de Grift Osbourne stipe him o sa yn syn aventoerlik, mar ek dreech en nuodlik libben. Yn 1890 sette Stevenson him nei wenjen yn Samoä, yn 'e Stille Súdsee, dêr't er syn lêste jierren trochbrocht. Hy wie ûntsteld troch de oanboazjende Jeropeeske en Amerikaanske ynfloed op 'e Polynezyske kultuer, en fan gefolgen ferskode syn wurk doe fan 'e Romantyk en aventoerefiksje nei in somberder reälisme. Hy ferstoar yn de âldens fan 44 jier oan in oerhaal yn syn wenplak Vailima.

Stevenson wie tige populêr yn syn tiid. Sûnt syn ferstjerren is it mei syn reputaasje as skriuwer op en del gien, mar tsjintwurdich wurdt er wer tige wurdearre. Yn 2018 wied er de op 25 nei meast oersette skriuwer yn 'e wrâld, folgjend op Charles Dickens, dy't it 25e plak ynnaam. Hy waard bewûndere troch tal fan oare auteurs, lykas J.M. Barrie, Bertolt Brecht, Jorge Luis Borges, sir Arthur Conan Doyle, Ernest Hemingway, Rudyard Kipling, Vladimir Nabokov en Marcel Proust.

Lês fierder


besjen


Wike 14

De Keizerlike Japanske Marine (Japansk: 大日本帝國海軍, transliteraasje: Dai-Nippon Teikoku Kaigun, Lûdsfragmint beharkje, betsjutting: "Marine fan it Grutjapanske Ryk") wie de marine fan it Keizerryk Japan fan 'e Meiji-restauraasje fan 1868 oant de kapitulaasje fan Japan yn 1945. As sadanich makke it ûnderdiel út fan 'e Keizerlike Japanske Striidkrêften. Tsjin 1920 wie it de op twa nei grutste marine fan 'e wrâld, nei de Britske Keninklike Marine en de Amerikaanske Marine. De Keizerlike Japanske Marine bestie út trije dielen: de Kombinearre Float, de Keizerlike Japanske Marineloftfearttsjinst en de Keizerlike Japanske Marinelânstriidkrêften. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch wie de Keizerlike Japanske Marine fierhinne ferantwurdlik foar de Japanske oarlochsynset yn 'e Stille Súdsee, en it wie dêrom yn dat konflikt de wichtichste Japanske tsjinstanner fan 'e Westerske Alliëarden. De tsjintwurdige Japanske Maritime Selsferdigeningsmacht, dy't tusken 1952 en 1954 oprjochte waard, is gjin direkte opfolger fan 'e Japanske Keizerlike Marine.

Lês fierder


besjen


Wike 15

De Westerlauwerske Friezen binne in folk dat lânseigen is oan 'e súdlike Noardseekust, benammen yn 'e nei harren ferneamde Nederlânske provinsje Fryslân, in gebiet dat ek wol Westerlauwersk Fryslân neamd wurdt. Hja binne fan oarsprong nau besibbe mei de Fryske folksgroepen yn Dútslân (Eastfriezen, Noardfriezen en oaren), mar ek mei de bewenners fan 'e Grinzer Ommelannen en de Kop fan Noard-Hollân. Histoarysk hiene de Westerlauwerske Friezen in folslein eigen bestjoersfoarm ûnder de Fryske Frijheid, dy't lykwols yn 1498 ferlern gie. It politike selsbestjoer waard harren oan it begjin fan 'e Frânske Tiid ûntnadere en letter ûnder it Keninkryk fan de Nederlannen net mear weromjûn. Hjoed de dei ûnderskiede de Westerlauwerske Friezen har fan 'e omwenjende Nederlanners en Nedersaksers troch har eigen taalfoarmen (it Westerlauwersk Frysk en de Stedske dialekten) en har eigen kultuer.

Lês fierder


besjen


Wike 16

Michaïl Sergejevitsj Gorbatsjov (Russysk: Михаил Сергеевич Горбачёв, Privolnoje, 2 maart 1931Moskou, 30 augustus 2022) wie de lêste lieder fan de Sovjet-Uny. Hy wie de lêste sekretaris-generaal fan it Sintraal Komitee fan de Kommunistyske Partij fan de Sovjet-Uny (1985-1991), de lêste foarsitter fan it Presidium fan de Heechste Sovjet fan de USSR (1988-1989), dêrnei de earste foarsitter fan de Heechste Sovjet fan de USSR (1989-1990) en de iennige presidint fan de USSR ea (1990-1991).

Yn de tiid fan it regear ûnder Gorbatsjov fûnen der yngreven feroarings plak, dy't de hiele wrâld beynfloeden en in rige fan histoaryske barrens feroarsaken: de 'perestrojka' (in massive herfoarming fan it Sovjet-systeem), de yntroduksje yn de USSR fan it belied fan 'glasnost', it nije politike tinken, frijheid fan parse en mieningsutering, de yntroduksje fan demokrasy, de herfoarming fan de planekonomy yn 'e rjochting fan de merkekonomy, de ein fan de Kâlde Kriich, it weromlûken fan de Sovjet-troepen út Afganistan (1989), de Fal fan it Izeren Gerdyn en it ynstoarten fan de USSR en it Warsjaupakt.

Njonken in grut tal oare ûnderskiedings en earetitels krige Gorbatsjov yn 1990 foar syn rol yn it beëinigjen fan de Kâlde Kriich de Nobelpriis foar de Frede.

Lês fierder


besjen


Wike 17

It Tinkteken foar de USS Arizona (Ingelsk: USS Arizona Memorial) is in monumint en museum yn 'e lagune Pearl Harbor, by Honolulu, de haadstêd fan 'e Amerikaanske steat Hawaï. It is oer it skipswrak hinne boud fan it slachskip de USS Arizona, dat ta sinken brocht waard op 7 desimber 1941, by de Japanske Oanfal op Pearl Harbor. It tinkteken markearret it plak dêr't 1.102 fan 'e 1.177 matroazen en mariniers dy't dêrby omkamen, noch altyd rêste yn wat sûnt de Twadde Wrâldoarloch as in oarlochsgrêf beskôge wurdt. It Tinkteken foar de USS Arizona wurdt yn bredere sin ek wol brûkt as monumint foar alle 2.403 Amerikaanske deadlike slachtoffers fan it Japanske bombardemint.

Lês fierder


besjen


Wike 18

Burt Reynolds (folút: Burton Leon Reynolds jr.; Lansing (Michigan), 11 febrewaris 1936 – Jupiter (Floarida), 6 septimber 2018) wie in Amerikaansk akteur, dy't ein 1970-er jierren, begjin 1980-er jierren de bêst betelle toanielspiler fan Hollywood wie. Hy makke benammen furoare mei films as Smokey and the Bandit, Smokey and the Bandit II, The Cannonball Run en The Best Little Whorehouse in Texas. Reynolds wûn twaris in Golden Globe en ienris in Emmy, mar wist nea in Oscar te besetten, hoewol't er al in kear nominearre waard foar de Oscar foar bêste manlike byrol. Njonken syn aktearwurk wied er bytiden ek aktyf as sjonger, skriuwer en ûndernimmer.

Lês fierder


besjen


Wike 19

It Germaansk heidendom wie de oarspronklike religy fan 'e Germaanske folken sa't dy praktisearre waard fan 'e Izertiid (of earder) oant de Midsiuwen, doe't de Germanen, faak ûnder twang, kerstene waarden. It wie in foarm fan heidendom en kin as in soarte fan natoerreligy beskôge wurde. De Germaanske mytology makket der in wichtich diel fan út. It is mooglik om út sawol argeologyske fynsten as oerlevere teksten in stikmannich mienskiplike of nau besibbe eleminten fan dit leauwe te trasearjen. It Germaansk heidendom kaam fuort út 'e Proto-Yndo-Jeropeeske religy, en foarme yn 't earstoan ien nau gearhingjend gehiel. Under it Grutte Folkeferfarren wreide it him út oer in grutter gebiet, en fan dy tiid ôf begûnen ferskate tûken fan it leauwe byinoarwei te groeien, lykas it Noardske heidendom yn Skandinaavje, it Fryske heidendom yn Grut-Fryslân en it Angelsaksyske heidendom op 'e Britske Eilannen. It Germaanske heidendom is it bêst dokumintearre yn ferskate teksten út Skandinaavje en Iislân dy't út 'e tsiende en de alfde iuw datearje.

Lês fierder


besjen


Wike 20

De kamielen of kamelen (wittenskiplike namme: Camelus) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), it ûnderskift fan 'e ylpoatigen (Tylopoda), de boppefamylje fan 'e kamieldieren (Cameloidea), de famylje fan 'e kamieleftigen (Camelidae), de ûnderfamylje fan 'e echte kamieleftigen (Camelinae) en de tûke fan 'e echte kamielen (Camelini). Dizze taksonomyske groep omfiemet trije libbene soarten, dy't lânseigen binne yn Noard-Afrika, it Midden-Easten en Sintraal-Aazje. Tsjintwurdich komme kamielen ek yn it wyld yn Austraalje foar, mar dêr binne it eksoaten dy't der troch de minske yntrodusearre binne.

Lês fierder


besjen


Wike 21

Kenny Rogers (folút: Kenneth Ray Rogers; Houston, 21 augustus 1938 – Sandy Springs (Georgia), 20 maart 2020) wie in Amerikaansk sjonger, muzikant, lietsjeskriuwer, akteur, presintator, muzykprodusint en ûndernimmer, en ien fan 'e meast ferneamde country-artysten fan 'e wrâld. Hy sette yn 'e twadde helte fan 'e 1950-er jierren útein mei syn karriêre, en wie yn 't earstoan lid fan ferskate bands. De bekendste dêrfan wie The First Edition, wêrmei't er ein 1960-er jierren de hit Ruby, Don't Take Your Love to Town skoarde. As solo-artyst belibbe Rogers benammen yn 'e twadde helte fan 'e 1970-er jierren en yn 'e 1980-er jierren grutte súksessen, mei lieten as Lucille, The Gambler en Coward of the County.

Rogers song in protte duëtten mei sjongsters as Dolly Parton (bgl. Islands in the Stream) en Sheena Easton (We've Got Tonight), en covere ek lieten fan oare sjongers, lykas Reuben James, Me and Bobby McGee en The Son of Hickory Holler's Tramp. Behalven country song er ek wol popmuzyk en rockmuzyk. Hy hie mear as 120 hits en stie allinnich al yn 'e Feriene Steaten yn totaal rom 200 wiken op it earste plak yn 'e hitlisten. Rogers ferkocht wrâldwiid mear as 165 miljoen platen en wûn trije Grammy Awards en in grut tal American Music Awards, ACM Awards en CMA Awards. Njonken syn sjongkarriêre wurke er ek as akteur, benammen yn tillefyzjefilms dy't basearre wiene op guon fan syn lieten.

Lês fierder


besjen


Wike 22

It Field Museum, folút: Field Museum foar Natoerhistoarje (Ingelsk: Field Museum of Natural History), soms ôfkoarte ta FMNH, is in tige foaroansteand museum yn 'e Amerikaanske stêd Chicago, dat yn 1893 oprjochte waard. It leit him ta op natoerhistoaryske ûnderwerpen en hat op dat mêd ien fan 'e grutste kolleksjes fan 'e wrâld. Dêrnjonken hat it museum alteast in diel fan syn status te tankjen oan 'e omfang en kwaliteit fan syn edukative en wittenskiplike programma's. De rûnom as treflik beoardiele fêste tentoanstellings yn it Field Museum rinne útinoar fan meteoriten en de ierst bekende fossilen oant de hjoeddeistige kultueren fan 'e wrâld en alles dat dêr tuskenyn sit. De hiele kolleksje fan it museum beslacht mear as 24 miljoen foarwerpen, mei dêropta in bibleteek mei mear as 275.000 boeken, deiboeken (û.m. fan ûntdekkingsreizgers) en foto-argiven. It Field Museum ferwolkommet jiers mear as 2 miljoen besikers.

Lês fierder


besjen


Wike 23

Tarzan is in Amerikaanske filmsearje oer it fiktive personaazje Tarzan, út 'e boeken fan 'e skriuwer Edgar Rice Burroughs. De films binne ûnderling inkeld ferbûn trochdat se deselde haadpersoan hawwe. Dêryn is dizze rige ferlykber mei bgl. de James Bond-filmsearje. De earste Tarzan-film kaam út yn 1918 en de lêste (anno 2022) yn 2016. Ferskate akteurs hawwe de rol fan Tarzan spile, ûnder wa Olympysk swimkampioen Johnny Weissmüller yn mar leafst tolve films. Krektsa is de rol fan Tarzan syn grutte leafde Jane Porter troch tal fan ferskillende aktrises fertolke, ûnder wa Maureen O'Sullivan, Bo Derek en Margot Robbie. Krekt as it personaazje dêr't se oer geane, wiene Tarzan-films by har premiêre oer it algemien tige populêr.

Lês fierder


besjen


Wike 24

Amelia Earhart (útspr.: [əˈmiːliə ˈɛːɹhɑːɹt], likernôch: "uh-mii-li-uh êr-haart"; folút: Amelia Mary Earhart; Atchison (Kansas), 24 july 1897 – ferdwûn boppe de Stille Súdsee, ûnderweis fan Lae yn Nij-Guineä nei it eilân Howland, 2 july 1937, formeel dea ferklearre 5 jannewaris 1939) wie in Amerikaansk loftfeartpionier. Hja wie de earste froulike piloat dy't allinne oer de Atlantyske Oseaan fleach. Earhart fêstige dêrnjonken in grut tal oare rekôrs en skreau ferskate bestsellers oer har ûnderfinings by it fleanen. Se spile in rol fan krúsjaal belang by de oprjochting fan The Ninety-Nines, in organisaasje fan froulike piloaten. Tsjin 'e midden fan 'e 1930-er jierren wie se yn 'e Feriene Steaten wiidferneamd rekke. Yn 1937 besocht Earhart de earste frou te wurden dy't om 'e wrâld fleach. Sy en har navigator Fred Noonan ferdwûnen dêrby yn july fan dat jier wylst se oer de Stille Súdsee fan Nij-Guineä nei Howland fleagen en waarden nea weromfûn. Earhart waard oardel jier letter formeel dea ferklearre. Har ferdwining is noch altyd in mystearje dat in protte lju dwaande hâldt en in soad belangstelling genietet fan it bredere publyk.

Lês fierder


besjen


Wike 25

Polyandry (fan it Grykske πολυ-, poly-, "in protte", en ἀνήρ, aner, "man") is in foarm fan polygamy wêrby't in frou troud is mei mear as ien man tagelyk. Oarsom, as in man troud is mei mear as ien frou tagelyk, sprekt men fan mearwiverij of polygyny. Polyandry is folle seldsumer as polygyny. Yn 'e Ethnographic Atlas út 1980 waarden mar 4 maatskippijen teld dêr't polyandry foarkaam, tsjin 186 dêr't (binnen it houlik) inkeld monogamy foarkaam, 453 dêr't njonken monogamy soms ek polygyny foarkaam, en 588 dêr't polygyny in protte foarkaam. Lykwols is polyandry ek wer net sa seldsum as dy sifers suggerearje, want resinter ûndersyk hat polyandry fêststeld yn nochris 50 maatskippijen dêr't it troch de Ethnographic Atlas oer de holle sjoen wie. Yn 'e breedste sin kin mei de oantsjutting polyandry ek ferwiisd wurde nei seksuële relaasjes fan in frou mei mear as ien man tagelyk bûten it houlik.

Lês fierder


besjen


Wike 26

De Omgong fan Frankryk (Frânsk: Tour de France, ek wol Le Grand Boucle) is in wrâldferneamde hurdfytswedstryd yn Frankryk. Mei de Omgong fan Itaalje en de Omgong fan Spanje is it ien fan de saneamde Grutte Omgongen, de wichtichste en dreechste eveneminten fan it hurdfytsseizoen. De Omgong fan Frankryk jildt fan dy trije grutte omgongen as de earfolste wedstriid, en wurdt yn etappen troch gâns Frankryk fytst. It begjin is somtiden yn in oar lân, mar de oankomst is altiten yn Parys, sûnt 1975 leit de finishstreek op de Champs-Élysées. De earste edysje fan 'e Omgong fan Frankryk waard ferriden yn 1903. De koprinner yn it algemien klassemint draacht de Giele Trui. Njonken it algemien klassemint besteane der noch ferskate oare klasseminten, lykas it berchklassemint (mei de Boltsjestrui), it punteklassemint (mei de Griene Trui) en it jongereinklassemint (mei de Wite Trui).

Lês fierder


besjen


Wike 27

Dian Fossey (útspr.: [dai̭ˈæn ˈfɔsi], likernôch: "dai-jen fossy"; San Francisco, 16 jannewaris 1932 – Karisoke Research Center (Rwanda), 27 desimber 1985) wie in Amerikaansk mammaloge, publisiste en natoerbeskermster dy't yn Afrika wurke. Hja krige bekendheid troch har net wurch te krijen ynset foar de krityk bedrige berchgorilla yn Rûanda, dêr't se fan 1966 oant har dea yn 1985 ûndersyk nei die. Fossey wie ien fan 'e saneamd 'trimaten', trije promininte froulike biologen dy't mei primaten wurken en dêrfoar útsocht waarden troch paleöntolooch Louis Leakey (de oare beiden wiene Jane Goodall, dy't mei sjimpansees wurke en Birutė Galdikas, dy't orang ûtans bestudearre).

Njonken har wittenskiplike wurk krewearre Fossey fûleindich foar it behâld fan 'e berchgorilla, wêrby't se der net foar tebekskrille om fijannen te meitsjen. Dêrmei rêde se nei alle gedachten de berchgorilla fan it útstjerren. Yn 1983 publisearre se Gorillas in the Mist, in autobiografysk ferslach fan har wurk yn Rûanda en har eardere libben. Ein 1985 waard se mei in masjete deahoud yn har wente yn it troch har oprjochte Karisoke Research Center yn it Nasjonaal Park De Fulkanen. Hoewol't in ûndersyksassistint letter by ferstek foar de moard feroardiele waard, bestiet der oer de skuldfraach noch altyd gjin konsensus. Fossey har libben en wurk waarden popularisearre troch de biografyske film Gorillas in the Mist út 1988, mei Sigourney Weaver yn 'e haadrol.

Lês fierder


besjen


Wike 28

Ein Goed, Alles Goed, yn it oarspronklike Ingelsk: All's Well That Ends Well, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is in komeedzje dy't basearre is op in ferhaal út 'e Decamerone fan 'e Italjaanske skriuwer Giovanni Boccaccio, dat Shakespeare mooglik lêzen hat yn 'e Ingelske fertaling fan William Painter, titele Palace of Pleasure. Ein Goed, Alles Goed moat skreaun wêze yn 1604 of 1605, mar waard pas foar it earst publisearre yn 1623, as ûnderdiel fan 'e First Folio. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1962.

Lês fierder


besjen


Wike 29

Sault Ste. Marie is (útspr.: [su: se:nt mə'ɹi:], likernôch: "sûû seent m'rii"; Odjibwe: Bahweting) is in stêd yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Michigan, dy't tsjin 'e grins mei Kanada oan leit. It is it haadplak fan it omlizzende Chippewa County. De stêd waard yn 1668 stifte en is dêrmei de âldste permanint bewenne delsetting fan Michigan en de op twa nei âldste stêd fan Noard-Amearika bewesten de Appalachen. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Sault Ste. Marie doe rom 14.000 ynwenners, wêrmei't it de twadde stêd fan it tinbefolke skiereilân Opper-Michigan is. Sault Ste. Marie yn Michigan moat net betize wurde mei de oanswettende (en gruttere) susterstêd Sault Ste. Marie yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario.

Lês fierder


besjen


Wike 30

De 1970-er jierren, ek oantsjut as de santiger jierren en de jierren ’70, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1971 en duorre it oant en mei 31 desimber 1980, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1970 oant en mei 31 desimber 1979. Yn dit desennium gie de Kâlde Oarloch troch, mar kaam der in ein oan 'e Fjetnamoarloch. De Feriene Steaten rekken yn opskuor troch it Watergate-skandaal, dêr't presidint Richard Nixon úteinlings troch twongen waard om ôf te treden. Yn it Midden-Easten waard frede sletten tusken Egypte en Israel, wylst by de Islamityske Revolúsje yn Iraan de sjah ôfset en ferdreaun waard. Yn Kambodja rjochten de Reade Kmer de Kambodjaanske Genoside oan. De wrâldekonomy rekke ûnderwilens, foar in part troch de Oaljekrisis fan 1973, yn 'e nederklits, mei oanboazjende wurkleazens ta gefolch.

Lês fierder


besjen


Wike 31

De Nijfûnlanner of Newfoundlander is in hûneras dat syn oarsprong fynt op it Kanadeeske eilân Nijfûnlân. It is in grutte wurkhûn, dy't oarspronklik fokt waard om fiskers te helpen. Dit ras stiet bekend om syn yntelliginsje, krêft, kalmens en trou. Om't Nijfûnlanners treflike swimmers binne, wurde se hjoed oan 'e dei gauris ynset as rêdingshûn te wetter. Swart-wyt bûnte Nijfûnlanners wurde sûnt 1960 troch de Ynternasjonale Kynologyske Federaasje (FCI) erkend as in apart ras, de landseer.

Lês fierder


besjen


Wike 32

It Greefskip Bentheim (Dútsk en offisjeel: Grafschaft Bentheim; Nederdútsk: Graofschop Benthem) wie fan 1228 oant 1806 in soevereine steat yn 'e Nederrynsk-Westfaalske Kreits fan it Hillige Roomske Ryk. It greefskip lei yn it súdwestlike part fan wat no de Dútske dielsteat Nedersaksen is, grinzgjend oan 'e Nederlânske provinsjes Drinte en Oerisel, mei as haadplak Bentheim (sûnt 1979 Bad Bentheim). It Greefskip Bentheim ûntstie út 'e foargeande Hearlikheid Bentheim. Yn 'e Frânske Tiid ferlear it foargoed syn selsstannigens en gie it op yn it Gruthartochdom Berch. It grûngebiet fan it histoaryske greefskip komt fierhinne oerien mei dat fan 'e moderne Landkreis Greefskip Bentheim.

Lês fierder


besjen


Wike 33

Muhammad Ali (berne as: Cassius Marcellus Clay jr.; Louisville (Kentucky), 17 jannewaris 1942 - Scottsdale (Arizona), 3 juny 2016), wie in Amerikaansk bokser fan Afro-Amerikaansk komôf. Hy wûn û.m. in gouden medalje op 'e Olympyske Spullen fan 1960 en trije wrâldkampioenskippen. Ali wie ûnder syn karriêre in kontroversjeel figuer yn 'e sportwrâld, dy't yn 'e Feriene Steaten foar opskuor soarge troch him ta de islaam te bekearen en syn namme te feroarjen en om't er wegere yn 'e Fjetnamoarloch te fjochtsjen. Lykwols waard er rûnom beskôge as de grutste swiergewichtbokser ea.

Lês fierder


besjen


Wike 34

Littenseradiel (offisjeel Frysk; Nederlânsk: Littenseradeel) wie in gemeente yn it noardwestlike part fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân, dy't himsels lange tiid oanpriizge mei it biedwurd "it hert fan 'e Greidhoeke". De gemeente ûntstie yn 1984 út 'e fúzje fan 'e eardere gemeenten Baarderadiel en Hinnaarderadiel. Op 30 april 2017 hie Littenseradiel in befolking fan 10.746 minsken. De gemeente besloech in oerflak fan 132,64 km², wêrfan 1,9 km² oerflaktewetter, en omfieme 29 doarpen. Op 1 jannewaris 2018 waard de gemeente opheft en ferdield ûnder de trije buorgemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân en De Waadhoeke.

Lês fierder


besjen


Wike 35

Belle van Zuylen (wiere namme: Isabelle Agneta Elisabeth van Tuyll van Serooskerken, en nei har trouwen: Isabelle de Charrière; Slot Zuylen (Utert), 20 oktober 1740 – Colombier (Switserlân), 27 desimber 1805) wie in achttjinde-iuwsk Nederlânsk skriuwster en komponiste, dy't yn it Frânsk skreau. Har oeuvre bestiet út literêr proaza (romans, novelles, koarte ferhalen en fabels), toanielstikken, lieten, opera's (libretty en muzyk), klaviersonates, brieven en biografysk en autobiografysk wurk. Behalven 'Belle van Zuylen' brûkte se ek wol de skûlnammen Zélide en Abbé de la Tour. Bûten Nederlân stiet se ek bekend as Madame de Charrière. Har wurk waard yn har eigen tiid tige wurdearre, mar rekke nei har ferstjerren yn 'e ferjitnis oant it mids njoggentjinde iuw werûntdutsen waard troch de Frânske literatuerkritikus Charles-Augustin Sainte-Beuve. Nei op 'e nij in hoartsje weisakke te wêzen, krige Van Zuylen yn Nederlân pas yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw bekendheid.

Lês fierder


besjen


Wike 36

In wynmûnepark, wynmolepark of wynpark (yn it Ingelsk: Wind farm) is in samling fan trije of mear wynturbinen ornearre om wynenerzjy op te wekjen. Wynmûneparken kinne yn grutte ferskille. Sa binne der parken mei in stikmannich wynmûnen en parken mei hûnderten wynmûnen. Der wurdt in grut ûnderskie makke tusken wynmûneparken op lân (onshore) en wynmûneparken op see (offshore).

Wynmûneparken komme in soad foar yn de Feriene Steaten, Jeropa, Sina en Yndia. It grutste wynmûnepark op lân is de Gansu Wynmûnepark yn Sina mei in fermogen fan likernôch 8.000 megawatt, mei de bedoeling om 20.000 megawatt te berikken yn 2020. Yn desimber 2020 wie de Hornsea Wind Farm yn it Feriene Keninkryk mei in fermogen fan 1.218 megawatt it grutste wynmûnepark op see. De grutte fan de yndividuele wynturbinen nimt stadichoan ta om mear enerzjy op te wekjen. Dêrtroch binne der minder wynturbinen nedich om itselde fermogen op te wekjen.

Om't wynmûneparken gjin branje nedich binne, hawwe se minder ynfloed op it miljeu as oare foarmen fan it opwekjen fan enerzjy. Der is lykwols genôch krityk op bygelyks harren ynfloed op it lânskip en op it útsicht - hoarizonfersmoarging. Om goed te funksjonearjen moatte wynturbinen fier genôch faninoar ôf stean en dêrmei steane se dus suver ferspraat oer it plattelân, itjinge liede kin ta "yndustrialisaasje fan it plattelân", gefolgen foar de habitat fan bisten en it ôfnimmen fan it toerisme. Guon tinke sels dat wynmûnen ynfloed hawwe op de sûnens fan de minske; lykwols, de measte ûndersikers wize dat ôf en neame soks pseudowittenskip - wynturbinesyndroom.

Lês fierder


besjen


Wike 37

De hazzemûs (Latynske namme: Muscardinus avellanarius) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e sliepmûzen (Gliridae) en it monotypyske (út ien soarte besteande) skaai fan 'e hazzemûzen (Muscardinus), dat foarkomt yn it grutste part fan kontinintaal Jeropa. Dêrûnder binne ek dielen fan Nederlân, mar út Fryslân binne gjin waarnimmings bekend. De namme fan dizze soarte hat neat mei de hazze te krijen, mar nammenste mear mei de hazzebeam (Nederlânsk: hazelaar). De hazzemûs waard yn 1758 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Sweedske biolooch Carolus Linnaeus, de grûnlizzer fan 'e moderne taksonomy. It is ien fan 'e lytsere sliepmûzesoarten, en de iennichste dy't lânseigen is op 'e Britske Eilannen.

Lês fierder


besjen


Wike 38

It Chicago Police Department (Ingelsk foar: "Plysjekorps fan Chicago"), gauris ôfkoarte as Chicago P.D. of CPD, is de gemeentlike plysjetsjinst fan 'e stêd Chicago yn 'e Amerikaanske steat Illinois. It korps is ferantwurding skuldich oan en operearret ûnder de ferantwurdlikheid fan de gemeenteried fan Chicago. Mei 13.500 plysjeminsken en 1.925 oare wurknimmers yn ûnderstypjende funksjes is it Chicago Police Department de op ien nei grutste pleatslike plysjetsjinst fan 'e Feriene Steaten, nei it NYPD fan New York. It Chicago Police Department waard yn 1835 oprjochte, en is dêrmei ek ien fan 'e âldste moderne plysjetsjinsten yn 'e wrâld. Lykwols leit it korps net op in al te bêste namme, en hat it Amerikaanske Ministearje fan Justysje krityk utere op it Chicago P.D. omreden fan minne training, gebrek oan tafersjoch en it rûtinemjittige gebrûk fan eksessyf geweld tsjin boargers.

Lês fierder


besjen


Wike 39

Ennio Morricone (Italjaanske útspr.: [ˈɛɲo mɔriˈkoːne], likernôch: "en-njoo mor-ry-koo-nee"); Rome, 10 novimber 1928 – dêre, 6 july 2020) wie in Italjaansk komponist, dirigint en muzikant dy't wrâldferneamd waard troch syn filmmuzyk. Hy skreau de soundtracks fan mear as 400 films en komponearre dêrnjonken ek mear as 100 klassike muzykstikken. Syn muzyk foar de westernfilm The Good, the Bad and the Ugly wurdt as ien fan 'e ynfloedrykste wurken út 'e skiednis fan 'e filmmuzyk beskôge, en itselde jildt foar syn soundtrack fan in oare western, Once Upon a Time in the West. Guon oare ferneamde films dêr't er de muzyk by makke, binne Once Upon a Time in America, Red Sonja, The Mission, The Untouchables, In the Line of Fire, Wolf en The Hateful Eight. Yn syn lange karriêre wûn Morricone twa Oscars, trije Golden Globes, fjouwer Grammy Awards en seis BAFTA's.

Lês fierder


besjen


Wike 40

Dionysus (Gryksk: Διόνυσος, Diónysos, útspr.: [di'ɔ.nisɔs], likernôch: "di-ô-ni-sos"; Latyn: Dionysus, útspr.: [di'onisus], likernôch: "di-oo-ni-sûs") is yn it Grykske heidendom en de Grykske mytology de god fan 'e wyn, de druverispinge, dronkenskip, fruchtberens, rituele sljochtsinnigens en rituele útskroevenens. Syn bynamme wie Eleutherios, "de Befrijer". Hy stiet ek bekend as Bachus (Gryksk: Βάκχος, Bakchos, útspr.: ['bakxɔs], likernôch: "bak-chos"; Latyn: Bacchus, útspr.: ['bakxus], likernôch: "bak-chûs"), de namme dy't yn it Romeinske heidendom en de Romeinske mytology foar him brûkt waard. De oarsprong fan Dionysus is ûnwis, en hy wurdt soms omskreaun as in Trasyske god, dy't as útlanner yn it âlde Grikelân arrivearre wêze soe. Argeologyske fynsten út 'e Myseenske perioade toane lykwols oan dat er eins ien fan 'e âldste Grykske goaden wie fan wa't de namme oerlevere is. Neffens de myten soed er de soan fan Seus en Perséfoné wêze en in ktoanysk aspekt fan Seus fertsjintwurdigje. Guon myten wolle hawwe, hy waard twaris berne, mei't er deade wie en werberne as de soan fan Seus en de sterlike Semele. De wichtichste attributen fan Dionysus wiene de tyrsus (in mei wynranken of klimmerblêd omwikkele stôk), de tsjelk en de bolle.

Lês fierder


besjen


Wike 41

Valéry Giscard d'Estaing (útspr.: [valeˈʁi ʒisˈkaːʁ dɛsˈtɛ̃], likernôch "va-lee-chy zjys-kaach des-"; folút: Valéry Marie René Georges Giscard d'Estaing; Koblenz, 2 febrewaris 1926 – Authon, 2 desimber 2020) wie in Frânsk konservatyf politikus dy't fan 1974 oant 1981 tsjinne as presidint fan Frankryk en ex officio ko-prins fan Andorra. Hy wie in aristokraat dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch by it ferset west hie en letter yn it Frânske Leger tsjinne hie. Foar syn presidintskip wied er twaris minister fan Ekonomyske Saken en Finânsjes. It regear fan Giscard d'Estaing as presidint waard karakterisearre troch in modernisearring fan it lân en liberalisearring fan wetjouwing oangeande sosjale kwestjes as skieding en abortus. Nei syn presidintskip wied er û.m. belutsen by it opstellen fan 'e yn 2005 fuortstimde Jeropeeske Grûnwet. Giscard d'Estaing kaam yn 2020 te ferstjerren oan COVID-19.

Lês fierder


besjen


Wike 42

De Slach om Mogadisjû (Somalysk: Maalintii Rangers, "Dei fan 'e Rangers"), ek bekend as it Black Hawk Down-ynsidint, wie in wapene treffen dat op 3 en 4 oktober 1993 plakfûn yn it ramt fan 'e Somalyske Boargeroarloch. Op dat stuit bestie der kâns op frede, mar ien fan 'e faksjes yn 'e boargeroarloch, de Somalyske Nasjonale Alliânsje (SNA) fan kriichshear Mohammed Farrah Aidiid, wegere mei te wurkjen oan 'e ymplemintaasje fan it fredesplan fan 'e Feriene Naasjes. Nei wiken fan oprinnende spannings besochten Amerikaanske troepen, dy't stjoerd wiene om 'e UNOSOM II-fredesmacht fan 'e Feriene Naasjes te ûnderstypjen, om inkele heechpleatste funksjonarissen fan 'e SNA te arrestearjen.

De operaasje rûn lykwols folslein út 'e hân doe't de Amerikanen op mear wjerstân fan 'e Somaaljers staten as se ferwachte hiene. Twa Amerikaanske Sikorsky UH-60 Black Hawk-helikopters waarden delsketten en de grûntroepen en de oerlibbenen fan 'e bemannings fan 'e beide helikopters rekken besingele troch de fijân. De ynset fan ferskate tûzenen FN-militêren út 'e Feriene Steaten, Maleizje en Pakistan wie nedich om 'e oarspronklike arrestaasjemacht te rêden. Der kamen 19 Amerikanen, in Maleizjer en in Pakistaan om en 73 oare Amerikanen, 7 Maleizjers en 2 Pakistanen rekken ferwûne. Fierders waard ien Amerikaan troch de SNA kriichsfinzen nommen en waarden de stoflike omskotten fan ferskate oaren troch de strjitten fan Mogadisjû sleept. Fan gefolgen waarden de Amerikaanske troepen in healjier letter út Somaalje weromlutsen. Troch de Slach om Mogadisjû bekuolle de Amerikaanske wil om troepen te leverjen foar FN-fredesmachten folslein.

Lês fierder


besjen


Wike 43

It Libben fan in Labbekak, yn it oarspronklike Ingelsk: Diary of a Wimpy Kid ("Deiboek fan in Suffert" of "Deiboek fan in Swakkeling"), is in jeugdboek fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwer Jeff Kinney. It is in satirysk-reälistyske komeedzje oer de aventoeren fan 'e skoaljonge Sjoerd Sjollema, foar bern út 'e heechste groepen fan 'e basisskoalle en de brêgeklasse fan it fuortset ûnderwiis. It boek is skreaun yn in lettertype dat op hânskrift liket, en wurdt oanhâldend ûnderbrutsen troch yllustraasjes dy't Kinney ek sels makke hat. It Libben fan in Labbekak is it earste diel fan 'e boekesearje mei deselde namme, dêr't yn 2018 it trettjinde diel fan útkaam. It boek waard foar it earst yn 2007 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Amulet Books en helle daliks de bestsellerlist fan The New York Times. It waard oerset yn 59 talen; sa ferskynde it yn 2009 yn it Nederlânsk as Het Leven van een Loser. Yn 2010 waard it ferfilme as Diary of a Wimpy Kid. De Fryske oersetting ferskynde yn 2018 by Uitgeverij De Fontein.

Lês fierder


besjen


Wike 44

Pauline Markham (útspr.: [pɔ:'li:n 'mɑ:(ɹ)kəm], likernôch: "pô-liin maa(r)-kum"; berne as: Margaret Hall of Margaret Hale; Londen, maaie 1847New York, 20 maart 1919) wie in Britsk-Amerikaansk aktrise, sjongster en dûnseresse fan Ingelsk komôf. Hja wie benammen aktyf as burlesque- en vaudeville-artyste. Markham sette har karriêre yn Manchester útein mei it spyljen fan bernerollen en makke yn 1867 har debút op it Londenske toaniel. In jier letter gie se nei Noard-Amearika as in lid fan it toanielselskip British Blondes, dat de Fiktoriaanske foarm fan burlesque yn 'e Feriene Steaten yntrodusearre. Yn Amearika hie Markham ferskate jierren fenomenaal súkses, wêrnei't har karriêre yn it neigean rekke en oer in perioade fan krapoan tritich jier almar fierder ynsakke.

Lês fierder


besjen


Wike 45

It Akkadysk (Akkadysk: 𒀝𒅗𒁺𒌑, Akkadû) soms ek wol Assyrysk-Babyloanysk of Assyro-Babyloanysk neamd, is in útstoarne taal út 'e Aldheid fan Mesopotaamje, dy't ta de Eastsemityske kloft fan 'e Semityske talen rekkene wurdt. It waard fan oarsprong sprutsen yn wat no it noardwestlike diel fan Irak is, de krite om 'e stêd Akkad hinne, dêr't it nei ferneamd wie. It Akkadysk is oerlevere yn 'e foarm fan ynskripsjes yn spikerskrift op klaaitabletten fan likernôch 2500 f.Kr. ôf. It wie de offisjele taal fan ferskate beskavings, wêrûnder it Akkadyske Ryk en letter ek de Assyryske en Babyloanyske riken, dêr't de wichtichste dialekten fan it Akkadysk nei neamd binne: it Assyrysk en it Babyloanysk. Tsjin 'e tiid fan 'e ynstoarting fan it ynternasjonaal stelsel oan 'e ein fan 'e Brûnstiid, om 1200 f.Kr. hinne, wie it Akkadysk de lingua franca fan it hiele Midden-Easten wurden, Egypte ynbegrepen. Yn 'e tiid fan it Nijassyryske Ryk, om 'e achtste iuw f.Kr. hinne, rekke it stadichoan yn ûnbrûk en waard it as sprektaal ferfongen troch it Arameesk. As deade taal waard it neitiid noch iuwenlang brûkt foar de wittenskip en as liturgyske taal. De lêst bekende Akkadyske tekst datearret út 'e earste iuw nei Kristus.

Lês fierder


besjen


Wike 46

Iron Maiden is in Ingelske heavymetalband út Londen. De band waard yn 1975 oprjochte troch Steve Harris, earder bassist fan Gypsy's Kiss en Smiler. De groep wurdt faak sjoen as ien fan de meast karakteristike en ynfloedrike fan harren streaming yn it heavymetalsjenre: de New Wave of British Heavy Metal. Iron Maiden brocht yn 1980 syn debútalbum Iron Maiden út. Fan de band binne yn totaal santjin studio-albums en trettjin live-albums ferskynd. Syn grutste súkses belibbe Iron Maiden yn de 1980-er jierren, benammen mei it album The Number of the Beast, út 1982, dat lieten as Run to the Hills en The Number of the Beast omfette.

Lês fierder


besjen


Wike 47

Thanksgiving (Ingelsk foar "Tankjaan") of Thanksgiving Day ("Tankjoudei") is de Amerikaanske fariant fan Thanksgiving, dy't ek wol Amerikaansk Thanksgiving neamd wurdt ta ûnderskie fan Kanadeesk Thanksgiving en Thanksgivingfierings yn oare lannen en territoaria. It is yn 'e Feriene Steaten in kristlike hjeldei mei de status fan in nasjonale feestdei. Dizze dei wie fan oarsprong bedoeld om utering te jaan oan tankberens foar de rispinge, mei't dy sjoen waard as in seine fan God. Thanksgiving wurdt yn 'e Feriene Steaten fierd op 'e fjirde tongersdei yn novimber, op 'e foarjûn fan Swarte Freed en it begjin fan it krystseizoen.

Lês fierder


besjen


Wike 48

Thunderball is in Britsk-Amerikaanske Technicolor-spionaazjeskriller út 1965 ûnder rezjy fan Terence Young, mei yn 'e haadrollen Sean Connery as geheim agint James Bond en Claudine Auger as de Bond girl Domino Derval. De titel betsjut letterlik "Tongerbal", en ferwiist (neffens de titelsong) nei Bond sels, dy't as in bal is dy't mei in lûd as fan 'e tonger oanrôljen komt en alles yn syn paad om kegelet. De film is basearre op 'e roman mei deselde namme út 1961 fan Ian Fleming.

It ferhaal folget de Britske MI6-agint James Bond as er ynset wurdt om twa atoombommen fan 'e NATO werom te finen, dy't stellen binne troch de ynternasjonale terroristyske organisaasje SPECTRE. By tafal is Bond lykwols de dieders al foarôfgeande oan 'e dieverij op it spoar kommen, dat hy wit harren mei gauwens op te spoaren. Dan moat er inkeld noch ûntdekke wêr't se de bommen brocht hawwe en bewize dat sy efter de stellerij sitte. Bond stiet dêrby ûnder tiidsdruk om't SPECTRE driget de bommen yn in net by namme neamde Britske of Amerikaanske stêd ôfgean te litten as der net £100 miljoen oan losjild betelle wurdt.

Thunderball wie it fjirde diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op Goldfinger. Thunderball krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in reuseftich kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film wûn in Oscar foar bêste special effects. In folgjend diel yn 'e searje, You Only Live Twice, kaam út yn 1967. Thunderball wie it ûnderwerp fan in rjochtsaak, mei't skriuwer Ian Fleming troch syn eardere meiwurkers Kevin McClory en Jack Whittingham oanklage waard foar plagiaat. De saak waard úteinlik oplost troch in skikking, wêrby't it auteursrjocht troch beide partijen dield waard. Sa koe it dat yn 1983 in remake fan Thunderball ferskynde ûnder de titel Never Say Never Again, dy't net ta de offisjele kanon fan 'e James Bond-rige fan Eon Productions heart.

Lês fierder


besjen


Wike 49

Idaho (Ingelsk: Idaho; útspr.: ['aidəhoʊ], likernôch "aidehoo"), offisjeel de Steat Idaho (Ingelsk: State of Idaho), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Idaho, byneamd de Gem State (de "Ealstiennesteat"), leit yn it noarden fan it lân, tsjin 'e Kanadeeske grins oan, en heart ta de regio fan it Amerikaanske Noardwesten. De haadstêd is Boise, en dat is mei-iens ek de grutste stêd. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe goed 1,6 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 44e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Idaho mei krapoan 217.000 km² de 39e steat. Idaho is in lanlike gebiet, dat benammen bekendstiet om syn natoerskientme.

Lês fierder


besjen


Wike 50

De Greyfriars Kirk of Greyfriars Church is in monumintaal tsjerkegebou yn 'e stêd Dumfries, yn súdwestlik Skotlân. It hjoeddeiske gebou datearret fan 1868, mar de orizjinele tsjerke, dy't ferneamd waard nei de fransiskanen of "grize fraters" (grey friars), waard mids trettjinde iuw set. De tsjerke waard ferneamd yn 'e skiednis fan Skotlân as it plak dêr't de romrofte Skotske kening en frijheidsstrider Robert de Bruce yn 1306 syn foarnaamste rivaal foar de troan, Jan III fan Comyn, hear fan Badenoch, om hals brocht.

Lês fierder


besjen


Wike 51

In spien (ûnsidich: it spien; meartal: spiennen; Latynske, wittenskiplike namme: papilla mammaria) is by sûchdieren in ferhege diel fan it hûdweefsel oan beide kanten fan it boarst. By wyfkes binne de spiennen it lichemsdiel dêr't nei de berte molke it lichem troch ferlit om 'e jongen mei te fuorjen; by mantsjes binne de spiennen rudimintêr en hawwe se gjin funksje. Yn 'e Fryske sprektaal wurdt foar 'spien' tsjintwurdich ornaris it no folslein ynboargere hollanisme tepel brûkt. By bisten wurdt in spien gauris oantsjut as in oer. Hoewol't útsein de snaffeldieren (Monotremata) alle sûchdieren oer spiennen beskikke, ferskilt it oantal per soarte.

Lês fierder


besjen


Wike 52

Kenau Simonsdochter Hasselaer (soms stavere as Hasselaar; Haarlim, 1526 – op 'e Noardsee, 1588) wie in Nederlânsk skipsbouster en houtkeapfrou út 'e Hollânske stêd Haarlim. Hja waard bekend en wûn grutte rom mei har liedende rol yn it anty-Spaanske ferset ûnder it Belis fan Haarlim yn 1572 en 1573, yn 'e Tachtichjierrige Oarloch. Neitiid waard se yn Nederlân iuwenlang sjoen as in heldinne. Mar om't se in frou wie dy't har op it (tradisjoneel manlike) mêd fan 'e oarlochfiering bejûn hie, waard har namme tagelyk synonym mei in manwiif, wylst sysels sjoen waard as in frommes mei hier op 'e tosken. Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw besochten ferskate skiedkundigen dat byld by te stellen.

Lês fierder


besjen