Swarte Freed (winkeljen)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gedrang by in winkelyngong op Swarte Freed.

Swarte Freed (Ingelsk: Black Friday) is yn 'e Feriene Steaten de dei nei Thanksgiving, dat op 'e fjirde tongersdei yn novimber falt. Sûnt 1932 wurdt dy dei beskôge as it begjin fan 'e perioade dat der krystkado's kocht wurde kinne, en in protte winkels spylje dêrop yn troch dy earste deis grutte koartingen te jaan op alderhanne produkten en troch hiel ier iepen te gean. Swarte Freed is gjin offisjele frije dei, mar yn Kalifornje en guon oare Amerikaanske steaten jildt de 'Dei nei Thanksgiving' wol as sadanich, alteast foar amtners. Fierders binne de skoallen dy deis ticht en ek in protte lju yn 'e partikuliere sektor hawwe op Swarte Freed frij, útsein as se yn 'e detailhannel wurkje, fansels. Sûnt de 1990-er jierren hat it ferskynsel fan Swarte Freed him stadichoan ek ferspraat nei Kanada en oare lannen, lykas Austraalje, Roemeenje en Yndia.

Sûnt 2005 hat Swarte Freed oan ien wei troch de drokste dei fan it jier west foar de Amerikaanske detailhannel, hoewol't gauris foutyf yn 'e media ferkundige is dat dat al folle langer sa is. Swarte Freed stiet bekend om 'e run dy't der dy deis komt op populêre produkten en artikels mei koarting, wat faak oanlieding jout ta hystearyske tafrielen, gedrang wêrby't soms minsken ûnder de foet rûn wurde, en net selden slaanderij tusken klanten dy't it op itselde artikel foarsjoen hawwe. Yn 'e tsien jier tusken 2006 en 2016 foelen dêrby yn 'e hiele Feriene Steaten 7 deaden en 98 ferwûnen. It is net ûngewoan foar keapkesjagers om 'e hiele Thanksgiving kampearjend op 'e stoepe foar in winkel troch te bringen om te bewissigjen dat men der op 'e tiid by is om it fûl begearde artikel te bemachtigjen.

De namme Black Friday datearret fan 1961, doe't dy oantsjutting foar it earst brûkt waard as namme foar it drokke en ûntregeljende auto- en fuotgongersferkear dat de stêd Philadelphia op 'e freed nei Thanksgiving yn syn greep krige. Omtrint 1980 ûntjoech it him ta in algemiene beneaming foar dy dei, wêrmei't benammen ferwiisd waard nei de healwize tastân yn 'e winkels ynstee fan derbûten. In populêre útlis fan 'e namme is dat dy fuorktkomt út it feit dat de winkels op dit punt yn it jier út 'e reade sifers en yn 'e swarte sifers komme, sadat de dei 'Swarte Freed' kaam te hjitten. Dy útlis berêst lykwols nearne op en is neat oars as in fabeltsje.

Jierrenlang wie it wenst foar grutte winkels om op Swarte Freed moarns om 6.00 oere iepen te gean, mar ein jierren 2000 skode dat stadichoan op fia 5.00 oere nei 4.00 oere. Yn 2011 giene fêstigings fan ferskate grutte winkelkeatlings, wêrûnder Target, Kohl's, Macy's en Best Buy, foar it earst om 0.00 oere iepen, dus sadree't it freed waard. Yn 2012 kundigen de supermerkkeatling Walmart en ferskate oare grutte winkelbedriuwen oan dat se tenei al op Thanksgiving om 20.00 oere jûns iepengiene, wat daliks oanlieding wie foar harren wurknimmers om it wurk del te lizzen. Likegoed giene yn 2014 in protte winkels al om 17.00 oere of 18.00 oere op Thanksgiving iepen, om dêrnei 24 oeren oan ien wei troch iepen te bliuwen. Yn Rhode Island, Maine en Massachusetts is it lykwols wetlik ûnmooglik foar grutte winkels om al op Thanksgiving de doarren te iepenjen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.