Berjocht:Side fan de wike 2023/wike 21
Kenny Rogers (folút: Kenneth Ray Rogers; Houston, 21 augustus 1938 – Sandy Springs (Georgia), 20 maart 2020) wie in Amerikaansk sjonger, muzikant, lietsjeskriuwer, akteur, presintator, muzykprodusint en ûndernimmer, en ien fan 'e meast ferneamde country-artysten fan 'e wrâld. Hy sette yn 'e twadde helte fan 'e 1950-er jierren útein mei syn karriêre, en wie yn 't earstoan lid fan ferskate bands. De bekendste dêrfan wie The First Edition, wêrmei't er ein 1960-er jierren de hit Ruby, Don't Take Your Love to Town skoarde. As solo-artyst belibbe Rogers benammen yn 'e twadde helte fan 'e 1970-er jierren en yn 'e 1980-er jierren grutte súksessen, mei lieten as Lucille, The Gambler en Coward of the County.
Rogers song in protte duëtten mei sjongsters as Dolly Parton (bgl. Islands in the Stream) en Sheena Easton (We've Got Tonight), en covere ek lieten fan oare sjongers, lykas Reuben James, Me and Bobby McGee en The Son of Hickory Holler's Tramp. Behalven country song er ek wol popmuzyk en rockmuzyk. Hy hie mear as 120 hits en stie allinnich al yn 'e Feriene Steaten yn totaal rom 200 wiken op it earste plak yn 'e hitlisten. Rogers ferkocht wrâldwiid mear as 165 miljoen platen en wûn trije Grammy Awards en in grut tal American Music Awards, ACM Awards en CMA Awards. Njonken syn sjongkarriêre wurke er ek as akteur, benammen yn tillefyzjefilms dy't basearre wiene op guon fan syn lieten.