Springe nei ynhâld

Lucille (liet fan Kenny Rogers)

Ut Wikipedy
Lucille
algemiene ynformaasje
artyst Kenny Rogers
album Kenny Rogers
taal Ingelsk
sjenre country
útbrocht 24 jannewaris 1977
opnommen 1976
doer 3:42
label United Artists Records
skriuwer Roger Bowling, Hal Bynum
komponist Roger Bowling, Hal Bynum
produsint Larry Butler
resultaten
ferkocht > 1 miljoen (Feriene Steaten)
hitlisten nû. 1 yn 'e Feriene Steaten, it
Feriene Keninkryk, Joegoslaavje,
Kanada
nû. 2 yn Ierlân, Nij-Seelân
nû. 3 yn Switserlân
prizen Grammy Award 1977
ACM Award 1977
CMA Award 1977
American Music Award 1977
sertifisearre (goud)
(sulver)
covers ferskaat, sjoch tekst

Lucille is in Ingelsktalich liet fan 'e Amerikaanske sjonger Kenny Rogers, dat yn 1977 opnommen waard op syn nei himsels neamde album Kenny Rogers. It is in countryliet oer gefoelige kwestjes as oerhoer en ympotinsje, dat skreaun waard troch Roger Bowling en Hal Bynum. Lucille waard ein jannewaris 1977 útbrocht as de twadde en lêste single fan it album Kenny Rogers, en groeide út ta Rogers syn earste grutte hit as solo-artyst nei it útinoarfallen fan 'e band The First Edition yn 1976. It liet berikte it earste plak yn 'e hitlisten yn 'e Feriene Steaten en trije oare lannen, en waard yn 'e Feriene Steaten sertifisearre as in gouden plaat. Rogers wûn der in Grammy, twa ACM Awards, in CMA Award en in American Music Award mei. Lucille waard letter covere troch ferskate oare artysten, ûnder wa Waylon Jennings.

Yn Lucille fertelt de ik-persoan hoe't er yn in kroech yn Toledo (Ohio) ris in frou oan 'e bar sitten seach dy't har trouring ôfdie. Dat liek him in útnûging ta om ris mei har yn 'e kunde te kommen. Hja hiet Lucille, en geandewei harren petear krige de ik-persoan foar it ferstân dat se by har man weigien wie om't se har nocht hie fan it bodzjen yn in boerebedriuw dêr't suver mear jild by moast as dat deroan fertsjinne waard.

Doe't der in reuseftige keardel mei grutte beïle hannen yn 'e kroech kaam, hold de ik-persoan him yn 'e rekken yn 'e spegel efter de bar. De man stapte op Lucille ôf en eefkes tocht de ik-persoan dat syn lêste oere slein hie, mar doe begûn de grutte keardel te beevjen om't syn hert briek, en sei er tsjin Lucille dat se in moai momint útkeazen hie om by him wei te gean, mei fjouwer hongerige bern yn 'e hûs en de rispinge op 'e ikkers. Hy hie al frijwat tsjinslaggen hân yn it libben, mar dizze ferwachte er net te boppe te kommen.

Nei't de man fuortgien wie, dronken de ik-persoan en Lucille mear whiskey en úteinlik bejoegen se harren nei in motelkeamer, dêr't se mei-inoar op bêd soene. Mar ek al wie se in tige tsjeppe frou, dochs slagge it de ik-persoan net en bedriuw mei har de leafde (in bedutsen ferwizing nei ympotinsje), want de wurden fan har man spilen him oanhâldend troch de holle en joegen him gjin rêst.

Lucille helle it earste plak yn 'e Amerikaanske countryhitlisten, en berikte it fyfde plak op 'e Billboard Hot 100, de wichtichste pophitlist. Ek yn Kanada, it Feriene Keninkryk en Joegoslaavje stie it liet op it earste plak yn 'e hitlisten. Yn Ierlân en Nij-Seelân berikte it plak 2, en yn Switserlân plak 3. Yn Austraalje bleau it stykjen op it sânde plak, wylst it yn 'e Nederlânske Top 40 net fierder kaam as plak 17.

Kenny Rogers wûn mei Lucille twa Academy of Country Music Awards, yn 'e kategoryen liet fan it jier en foar single fan it jier. Ek wûn er in Country Music Association Award foar single fan it jier, in American Music Award foar favorite single, en boppedat in Grammy Award foar bêste manlike country-sang. Lucille waard yn 'e Feriene Steaten sertifisearre as in gouden plaat, en yn it Feriene Keninkryk as in sulveren plaat.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.