Academy of Country Music Award

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Academy of Country Music Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
útrikt foar countrymuzyk
útrikt troch Academy of Country Music
frekwinsje 1x jiers
datum april/maaie
plak Las Vegas (Nevada)
ynsteld 1966
1e útrikking 1966
offisjele webside
www.acmcountry.com

De Academy of Country Music Awards of ACM Awards (net te betiizjen mei de CMA Awards) binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier útrikt wurde troch de Academy of Country Music (ACM) foar de bêste wurken op it mêd fan 'e countrymuzyk fan it foargeande jier. By de oprjochting, yn 1966, wiene it de earste countryprizen dy't tawiisd waarden troch in grutte organisaasje. Yn 1972 waard de útrikkingsseremoanje foar it earst útstjoerd op 'e Amerikaanske tillefyzje, op 'e stjoerder ABC. Fan 1979 ôf waard de seremoanje organisearre troch de ACM yn gearwurking mei tillefyzjeprodusint Dick Clark Productions. Letter ferhuze de útrikking fia de stjoerder NBC nei CBS, dy't him tsjintwurdich noch útstjoerd. Dick Clark Productions sette syn meiwurking oan 'e produksje yn 2014 stop, om ynstee dêrfan de útrikking fan 'e American Country Countdown Awards, op 'e stjoerder Fox te produsearjen.

Oant en mei 2002 waard de útrikking fan 'e ACM Awards altyd yn Los Angeles holden, mar fanôf 2003 ferhuze er nei Las Vegas. De seremoanje wurdt yn 'e regel yn april of maaie holden, en de prizen beslane de perioade fan 1 jannewaris oant 31 desimber fan it foargeande jier. De meast prestizjeuze prizen binne dy foar artyst fan it desennium en artyst fan it jier. Artysten fan it desennium wiene: Marty Robbins (60-er jierren); Loretta Lynn (70-er jierren), Alabama (80-er jierren), Garth Brooks (90-er jierren) en George Strait (2000-er jierren). Oare wichtige kategoryen binne: sjonger fan it jier, sjongster fan it jier en liet fan it jier. Alle ACM Award-winners steane fernijd op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Kategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn totaal binne der 12 kategoryen:

  • artyst fan it desennium (uteraard mar ienris yn 'e tsien jier útrikt, yn jierren dy't einigje op -9)
  • artyst fan it jier
  • liet fan it jier
  • single fan it jier
  • album fan it jier
  • sjonger fan it jier
  • sjongster fan it jier
  • sangduo fan it jier
  • sanggroep fan it jier
  • nije artyst fan it jier
  • fideoklip fan it jier
  • sangbarren fan it jier

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.