Kenny Rogers (album)

Ut Wikipedy
Kenny Roger
algemiene ynformaasje
artyst Kenny Rogers
taal Ingelsk
sjenre country
útbrocht jannewaris 1977
opnommen 19761977
doer 35:49 min.
label United Artists Records
produsint Larry Butler
resultaten
albumlisten nû. 1 yn 'e Top Country Albums
sertifisearre (platina)
(goud)
albumgronology fan Kenny Rogers
Love Lifted Me
(1976)
  Kenny Rogers
(1977)
  Daytime Friends
(1977)

Kenny Rogers is it twadde studio-album fan 'e Amerikaanske countrysjonger Kenny Rogers, dat yn jannewaris 1977 útbrocht waard by platemaatskippij United Artists Records. Dit album markearre it begjin fan it súkses fan Rogers as solo-artyst, nei't syn earste solo-album, Love Lifted Me, út 1976, net folle dien hie. Fan Kenny Rogers waarden twa lieten as single útbrocht, wêrûnder Lucille, dat in grutte hit waard.

Album[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kenny Rogers waard yn it neijier fan 1976 en it begjin fan jannewaris 1977 opnommen. It waard produsearre troch Larry Butler foar platemaatskippij United Artists Records. Fan Kenny Rogers waarden twa singles útbrocht. De earste wie, ein 1976, Laura (What's He Got That I Ain't Got?), en de twadde wie Lucille, dat útkaam op 24 jannewaris 1977. Green, Green Grass of Home wie in cover fan in liet dat yn 1965 foar it earst troch Porter Wagoner útbrocht wie as single en in jier letter ek troch Tom Jones. The Son of Hickory Holler's Tramp wie in cover fan in liet oer prostitúsje, dat oarspronklik songen wie troch Johnny Darrell yn 1968, mar dat pas by in breder publyk bekend rekke yn 'e ferzje fan Kenny Rogers.

Spyllist[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

nû. titel skriuwers doer opmerkings
kant 1
1. Laura (What's He Got That I Ain't Got?) Leon Ashley, Margie Singleton 2:52 single, ein 1976
2. I Wasn't Man Enough Larry Butler, Roger Bowling 3:30 net útbrocht as single, mar letter gauris tafoege oan kompilaasje-albums fan grutste hits
3. Mother Country Music Joe Nixon 2:49
4. Why Don't We Go Somewhere and Love Kenny O'Dell, Larry Henley 3:31
5. Green, Green Grass of Home Curly Putnam 3:35 cover fan in liet dat oarspronklik yn 1965 troch Porter Wagoner útbrocht waard
6. Till I Get it Right Larry Henley, Red Lane 3:05
kant 2
7. Lucille Roger Bowling, Hal Bynum 3:42 single, 24 jannewaris 1977
Grammy Award, 2 × ACM Award, CMA Award, American Music Award

(goud)
(sulver)
8. The Son of Hickory Holler's Tramp Dallas Frazier 3:12 cover fan in liet dat oarspronklik yn 1968 troch Johnny Darrell útbrocht waard
9. Lay Down Beside Me Don Williams 3:55 yn 1979 as single útbrocht troch Don Williams
10. Puttin' In Overtime at Home Ben Peters 3:00
11. While I Play the Fiddle Ray Willis, Ronnie Sessions 2:38

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kenny Rogers foarme de trochbraak fan Kenny Rogers as solo-artyst. It album waard yn 'e Feriene Steaten in platina plaat en yn Kanada in gouden plaat. Yn 'e Amerikaanske Top Country Albums-list berikte it album it earste plak. Yn 'e Kanadeeske RPM Top Albums bleau er stykjen op plak 17, wylst er yn 'e Britske UK Albums Chart opklom oant plak 14. Fan 'e beide singles berikte Laura (What He's Got That I Ain't Got?) it njoggentjinde plak yn 'e Amerikaanske Hot Country Singles-list. Lucille woeks út ta ien fan Rogers syn grutste hits troch sawol yn 'e Feriene Steaten as Kanada it earste plak yn 'e hitlisten te berikken. Rogers wûn der in Grammy, twa ACM Awards, in CMA Award en in American Music Award mei.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.