The Son of Hickory Holler's Tramp

Ut Wikipedy
The Son of
Hickory Holler's Tramp
algemiene ynformaasje
artyst Johnny Darrell
taal Ingelsk
sjenre country
útbrocht 1968
doer 3:07
skriuwer Dallas Frazier
komponist Dallas Frazier
resultaten
hitlisten nû. 2 yn it Feriene Keninkryk (ferzje
   f. O.C. Smith)
covers Sanford Clark, O.C. Smith, Merle Haggard, Kenny Rogers

The Son of Hickory Holler's Tramp (Ingelsk foar "De Soan fan 'e Hoer fan Hickory Holler") is in Ingelsktalich liet oer prostitúsje dat yn countrystyl skreaun waard troch Dallas Frazier. It waard yn 1968 foar it earst opnommen en útbrocht troch de Amerikaanske sjonger Johnny Darrell. Yn 1977 waard it bekend by in breder publyk yn 'e útfiering fan Kenny Rogers.

Tekst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ik-persoan, dy't himsels bekendmakket as "de soan fan 'e hoer fan Hickory Holler", fertelt hoe't, doe't er noch in lyts jonkje wie, syn heit oan 'e drank rekke, doe mei in oare frou begûn om te slaan en úteinlik mei har útnaaide en wiif en bern sitte liet. Syn mem gûlde eefkes út en beswarde doe har fjirtjin bern dat se nea honger lije soene. Doe't syn mem in reade lampe by de foardoar ophong en har goede namme opjoech, begûnen de buorlju te rabjen. Mar doe't de húshâlding ta behoeftigens ferfoel, wie der net ien fan harren dy't oanbea om ek mar in hân út te stekken. Dat wat se tochten fan wat syn mem besleat te dwaan, kin de ik-persoan neat skele. It wichtichste wie dat hy en syn bruorren en susters nea in dei gjin iten hiene en mei leafde grutbrocht waarden. Ferline jier kaam syn mem te ferstjerren, en eltse snein sette har tankbere bern in boeket fan fjirtjin roazen op har grêf.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Son of Hickory Holler's Tramp waard foar it earst yn 1968 opnommen en ek as single útbrocht troch de Amerikaanske sjonger Johnny Darrell. It liet berikt it 37e plak yn 'e Hot Country Singles-hitlist. Datselde jiers waard it ferske noch troch trije oare countrysjongers covere, ûnder wa Sanford Clark.

De ferzje fan O.C. Smith waard in hit dy't yn it Feriene Keninkryk fan juny oant augustus 1968 fyftjin wiken yn 'e UK Singles Chart stie, wêrfan trije wiken op nû. 2. Deselde single die it yn 'e Feriene Steaten folle minder en kaam yn 'e Hot Country Singles-list net fierder as it 40e plak.

De trêde coverferzje út 1968 wie dy fan Merle Haggard, dy't útbrocht waard op it album Sing Me Back Home.

Yn 1977 rekke The Son of Hickory Holler's Tramp yn 'e Feriene Steaten folle bekender, doe't it troch Kenny Rogers opnommen waard foar syn twadde solo-album Kenny Rogers. Dat album berikte it earste plak op 'e toanoanjaande Top Country Albums-list fan it tydskrift Billboard.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.