Me and Bobby McGee
Me and Bobby McGee | ||
algemiene ynformaasje | ||
artyst | Roger Miller | |
album | Roger Miller | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | country | |
útbrocht | july 1969 | |
opnommen | 16 maaie 1969 | |
doer | 4:02 | |
label | BNA Records | |
skriuwer | Kris Kristofferson en Fred Foster | |
komponist | Kris Kristofferson en Fred Foster | |
produsint | Jerry Kennedy | |
resultaten | ||
hitlisten | nû. 3 yn Kanada | |
covers | ferskaat, sjoch tekst |
Me and Bobby McGee is in Ingelsktalich liet dat yn 1969 as single útbrocht waard troch de Amerikaanske sjonger Roger Miller. It wie skreaun troch sjonger en akteur Kris Kristofferson en lietsjeskriuwer Fred Foster, en it makke ek diel út fan Miller syn nei himsels ferneamde album Roger Miller, dat yn 1970 útkaam. Fan Me and Bobby McGee waard koart foar har dea in ferzje opnommen troch rocksjongster Janis Joplin, dy't neitiid postúm as single útbrocht waard en grut súkses hie. Hoewol't it in misferstân is dat Kristofferson it nûmer foar Joplin skreaun hie, rekke it nei har ûntidich ferstjerren sterk mei har assosjearre. It waard ek covere troch in grut tal oare sjongers, wêrûnder Johnny Cash, Melissa Etheridge, de Grateful Dead, Waylon Jennings, Kristofferson sels, Jerry Lee Lewis, Gordon Lightfoot, Loretta Lynn, Olivia Newton-John, Dolly Parton, Pink, LeAnn Rimes, Kenny Rogers, Amanda Strydom en Dottie West.
Tekst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Me and Bobby McGee hellet de ik-persoan oantinkens op oan 'e tiid dat hy en syn faam (of, as it troch in frou songen wurdt, har feint) Bobby McGee noch byinoar wiene. Se doarmen as swalkers troch de hiele Feriene Steaten om, fan Louisiana nei Kentucky, en dêrwei nei Kalifornje. Dat diene se troch mei te liftsjen mei frachtweinen, wêrby't Bobby de frachtweinsjauffeurs dan werombetelle troch ferskes te sjongen dy't se hearre woene, wylst de ik-persoan har begelate op 'e mûlharpe.
De ik-persoan en Bobby dielden alles as freonen en minners. Oerdeis makke se dat de ik-persoan him goed fielde, want jin goed fielen wie maklik as Bobby de blues song. Nachts hold se him waarm mei har lichem. Mar wylst de ik-persoan syn frijheid net kwyt woe, begûn Bobby op in stuit te langjen nei in fêst plak om har nei wenjen te setten. Dat, earne yn Kalifornje liet de ik-persoan har gean, op 'e syk nei it nije libben wêrfan't er hope dat se it fine soe. De ik-persoan kaam neitiid lykwols ta de konklúzje dat frijheid inkeld in oar wurd is foar neat te ferliezen hawwen, en neat te ferliezen is alles wat Bobby him litten hat. Hy beslút mei de tekst: "Ik soe al myn moarnen ruilje foar ien inkele juster, sadat ik Bobby's lichem tsjin myn eigen oan hâlde koe."
Resultaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Me and Bobby McGee berikte yn 'e oarspronklike ferzje fan Roger Miller yn Kanada it trêde plak op 'e hitlisten. Yn 'e Feriene Steaten bleau er stykjen op it tolfde plak op 'e wichtichste countryhitlist, de Billboard Hot Country Singles.
Covers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Me and Bobby McGee | ||
algemiene ynformaasje | ||
artyst | Janis Joplin | |
album | Pearl | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | blues-rock, country-rock | |
útbrocht | 11 jannewaris 1971 | |
opnommen | 5 sept.–1 okt. 1970 | |
doer | 4:33 | |
label | Columbia Records | |
skriuwer | Kris Kristofferson en Fred Foster | |
komponist | Kris Kristofferson en Fred Foster | |
produsint | Paul A. Rothchild | |
resultaten | ||
hitlisten | nû. 1 yn 'e Feriene Steaten |
De Kanadeeske sjonger Gordon Lightfoot wie de earste artyst dy't Me and Bobby McGee covere; syn ferzje berikte yn Kanada yn 1970 it earste plak yn 'e countryhitlist. It liet waard tafoege oan it album Sit Down, Young Stranger, mar nea as single útbrocht.
De Amerikaanske band Kenny Rogers and The First Edition naam it liet ek op, mei Kenny Rogers as lead-sjonger. It makke ûnderdiel út fan it album Ruby, Don't Take Your Love to Town, út 1969. It liet stie letter ek op ferskate sammelalbums fan Kenny Rogers as solo-artyst.
De Amerikaanske rocksjongster Janis Joplin naam in ferzje fan Me and Bobby McGee op foar har album Pearl. Se foltôge de opname mar inkele dagen foar har dea yn oktober 1970. Kris Kristofferson, ien fan 'e skriuwers fan it liet, hie har dermei yn 'e kunde brocht, en sjonger Bob Neuwirth hie it har leard. Kristofferson hearde pas nei har dea dat se it opnommen hie. Joplin har ferzje klom op ta it earste plak fan 'e Billboard Hot 100-hitlist, en waard dêrmei har iennichste nûmer 1-hit. It wie de twadde postúm útbrocht single yn 'e Amerikaanske muzykskiednis, nei (Sittin' On) The Dock of the Bay fan Otis Redding. Yn 2004 parte it promininte Amerikaanske muzyktydskrift Rolling Stone Joplin har ferzje fan Me and Bobby McGee it 148e plak ta yn in list fan 'e 500 moaiste lieten aller tiden.
Oare covers fan Me and Bobby McGee waarden útfierd troch:
- Charley Pride op syn album Just Plain Charley (1970)
- Ramblin' Jack Elliott op syn album Bull Durham Sacks & Railroad Tracks (1970)
- The Statler Brothers op harren album Bed of Rose's (1970)
- Kris Kristofferson op syn album Kristofferson (1970)
- Bill Haley & His Comets op harren album Rock Around the Country (1970)
- Sam the Sham op syn single Me and Bobby McGee/Key to the Highway (1970)
- John Morgensen as single (1971) en op syn album John (1973), yn it Deensk mei de oanpaste titel Carsten Levin
- Jerry Lee Lewis op syn album The Killer Rocks On (1971) en as B-kant fan 'e single Would You Take Another Chance on Me (1972)
- Dottie West op har album Have You Heard… (1971)
- de Grateful Dead op harren album Skull & Roses (1971)
- Loretta Lynn op har album I Wanna Be Free (1971)
- Lalla Hansson op syn album Upp till Ragvaldsträsk (1971), yn it Sweedsk mei de oanpaste titel Anna & Mej
- Johnny Cash op syn album På Österåker (1972)
- Charlie McCoy op syn album Charlie McCoy (1972)
- Jeannie C. Riley op har album Give Myself a Party (1972)
- Waylon Jennings op syn album Lonesome, On'ry and Mean (1973)
- Chet Atkins op syn album Alone (1973)
- Thelma Houston op har album Thelma Houston (1973)
- Olivia Newton-John op har album Let Me Be There (1973)
- Lonnie Donegan op syn album Lonnie Donegan Meets Leinemann (1974)
- Cornelis Vreeswijk op syn album Getinghonung (1974), yn it Sweedsk mei de oanpaste titel Jag och Bosse Lidén
- Gianna Nannini op har album California (1979), yn it Italjaansk mei de oanpaste titel Io e Bobby McGee
- Joan Baez op har album Live Europe '83 (1984)
- Melissa Etheridge op har album Acoustic (1994)
- Loquillo op syn album Compañeros de Viaje (1997), yn it Spaansk mei as oanpaste titel Yo y Bobby McGee
- LeAnn Rimes op har album LeAnn Rimes (1999)
- Barb Jungr op har album Bare (1999)
- Anne Murray op har album Country Croonin' (2002)
- Jennifer Love Hewitt op har album Bare Naked (2002)
- Waterloo & Robinson op harren album Marianne (2002), yn it Dútsk mei de oanpaste titel Ich und Bobby McGee
- Jerry Jeff Walker op syn album Too Old to Change (2003)
- Pink op har album Live in Europe (2004)
- Dolly Parton op har album Those Were the Days (2005)
- Arlo Guthrie op syn album Live in Sydney (2005)
- Dale Ann Bradley op har album Catch Tomorrow (2006)
- Angela Kalule yn 'e soundtrack fan 'e film The Last King of Scotland (2007)
- Caroline af Ugglas op it album Joplin på Svenska (2007), yn it Sweedsk mei de oanpaste titel Jag och Bobby McGee
- Amanda Strydom op har album Kerse teen die Donker (2008)
- Crystal Bowersox op 'e iTunes-release fan 'e studioferzje fan seizoen 9 fan 'e talintejacht American Idols (2010)
- Matt Doyle op syn album Uncontrolled (2016)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Me and Bobby McGee yn 'e ferzje fan Roger Miller op YouTube
- (in) Me and Bobby McGee yn 'e ferzje fan Janis Joplin op YouTube
- (in) Me and Bobby McGee yn 'e ferzje fan Kenny Rogers op YouTube
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Muzikaal wurk fan Roger Miller
- Muzikaal wurk fan Johnny Cash
- Muzikaal wurk fan Melissa Etheridge
- Muzikaal wurk fan de Grateful Dead
- Muzikaal wurk fan Waylon Jennings
- Muzikaal wurk fan Janis Joplin
- Muzikaal wurk fan Kris Kristofferson
- Muzikaal wurk fan Jerry Lee Lewis
- Muzikaal wurk fan Gordon Lightfoot
- Muzikaal wurk fan Loretta Lynn
- Muzikaal wurk fan Olivia Newton-John
- Muzikaal wurk fan Dolly Parton
- Muzikaal wurk fan Pink
- Muzikaal wurk fan LeAnn Rimes
- Muzikaal wurk fan Kenny Rogers
- Muzikaal wurk fan Amanda Strydom
- Muzikaal wurk fan Dottie West
- Countryliet
- Bluesliet
- Single út 1969
- Single út 1971
- Ingelsktalich liet