Olivia Newton-John

Ut Wikipedy
Olivia Newton-John
Ic queue music 48px.svg sjonger en/of muzikant
Olivia Newton-John (2008)
Olivia Newton-John (2008)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Dame Olivia Newton-John
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk,
Flag of Australia.svg Australysk
berne 26 septimber 1948
berteplak Cambridge
stoarn 8 augustus 2022
stjerplak Santa Barbara flagge fan de Feriene Steaten
etnisiteit Flag of Wales.svg Welsk
Flag of Israel.svg Joadsk
wurkpaad
sjenre Pop,
Country
sjongtaal Ingelsk
grutste hit(s) You're the One That I Want (mei John Travolta),
Hopelessly Devoted to You,
Xanadu (mei ELO),
Physical
jierren aktyf 1963-2022
prizen Grammy Award (1973, 1974, 1982),
Emmy Award (1999)
Olivia Newton-John yn 1988

Dame Olivia Newton-John OA-OBE (Cambridge, 26 septimber 1948 - Santa Barbara Kalifornje, 8 augustus 2022) wie in Britsk-Australysk sjongster en aktrise. Hja waard berne yn Ingelân, mar groeide op yn Austraalje. Yn 'e 1970-er jierren makke Newton-John karriêre as sjongster, benammen mei countrymuzyk, al die se yn 1974 ek foar it Feriene Keninkryk mei oan it Eurofyzjesongfestival. Hja briek yn 1978 wrâldwiid troch as aktrise en as sjongster mei har rol as Sandy yn 'e filmmusical Grease. Dêrút kamen ferskate ûnbidich grutte hits fuort, lykas You're the One That I Want (in duët mei har tsjinspiler John Travolta), Summer Nights en Hopelessly Devoted to You. Se hie neitiid noch ferskate oare grutte hits, wêrûnder Xanadu (1980) en Physical (1981). Yn 1992 waard by Newton-John boarstkanker fêststeld, mar nei behanneling waard se genêzen ferklearre. Yn 2017 kaam de sykte lykwols werom en yn augustus 2022 kaam hja dêroan te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 73 jier.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Olivia Newton-John waard yn 1948 berne yn Cambridge, yn Ingelân, út in Welske heit en in Joadske mem dy't mei har famylje it nazyrezjym yn Dútslân ûntflechte wie.

Doe't sy fiif jier wie ferfear sy mei har âlden nei Austraalje. Olivia is in pakesizzer fan Max Born (winner fan de Nobelpriis foar de Natuerkunde yn 1954).

Yn de jierren 60 gie Newton-John werom nei Grut-Brittanje. Yn 1970, mei 21 jier, sette sy har muzikale karriêre útein yn de band Toomorrow, de namme ôflaat fan har twadde film Toomorrow. De groep hie net safolle súkses, mar it slagge Newton-John wol rillegau in solokarriêre te begjinnen. Sy skoarde har earste hit yn 1971 mei it Bob Dylan-nûmer If not for you. Sy hie yn dy snuorje ferkearing mei Bruce Welch, gitarist fan The Shadows en trede op yn de wyklikse show fan Cliff Richard.

Olivia kaam foar it Feriene Keninkryk út op it 19e Eurofyzjesjongfestival, op 6 april 1974 in Brighton, Ingelân. Fan de 17 lannen dy't meidienen wûn Sweden mei 24 punten mei it nûmer Waterloo, útfierd troch ABBA. Olivia einige op it 4e plak mei 14 punten. De plaat kaam op in 11e plak yn de Britske hitlist. Yn 1974 wie se ien fan de meast populêre sjongsters fan Grut-Brittanje.

In skofte letter ferhuze sy nei de Feriene Steaten. Ek dêr krige hja in súksesfolle sjongkarriêre; sy skoarde fiif nûmer-1 hits en wûn fjouwer Grammy Awards.

As aktrise waard sy tige ferneamd troch har haadrol, neist John Travolta, yn de film Grease. Lettere films dêr't sy yn meidie hiene lang safolle súkses net. Sy hie noch wol in nûmer-1 hit yn Nederlân mei Xanadu, de titelsong fan de film mei deselde namme, dêr't sy yn spile mei ûnder oaren Gene Kelly en Michael Beck. De muzyk yn dy film wie fan ELO (Electric Light Orchestra). Ien fan de lieten wie 'Suddenly', in duet mei Cliff Richard.

Privee[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Newton-John hat tusken 1984 en 1995 troud west mei Matt Lattanzi; sy hawwe in dochter, Chloe (1986).

Yn 1992 krige se boarstkanker, dêr't sy better fan wurden is. Sûnt 1996 wenne sy mei kameraman Patrick McDermott, dy't yn 2005 samar ynienen fuort rekke by it fiskjen. Der wurdt lykwols oannaam dat McDermott noch libbet.[1]

Yn 2008 boaske sy mei sakeman John Easterling. Yn 2017 waard bekend de boarstkanker wer werom wie[2], Olivia Newton-John ferstoar op 8 augustus 2022 yn 'e âldens fan 73 jier oan de gefolgen fan dizze sykte.[3]

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1965 Funny Things Happen Down Under Olivia
1970 Toomorrow Liv
1978 Grease Sandy Olsson
1980 Xanadu Kira
1983 Two of a Kind Debbie Wylder
1990 A Mom for Christmas Amy Miller Telefyzjefilm
1994 A Christmas Romance Julia Stonecypher Telefyzjefilm
1996 It's My Party Lina Bingham
2000 Sordid Lives Bitsy Mae Harling
2001 The Wilde Girls Jasmine Wilde Telefyzjefilm
2010 1 a Minute Herself
2010 Score: A Hockey Musical Hope Gordon
2011 A Few Best Men Barbara Ramme
2017 Sharknado 5: Global Swarming Orion Telefyzjefilm
2020 The Very Excellent Mr. Dundee Olivia

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Studio-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label Singles
If Not for You 1 novimber 1971 Festival If Not for You (Bob Dylan cover),
Banks of the Ohio
Olivia 11 augustus 1972 What Is Life (George Harrison cover),
Just a Little Too Much (Ricky Nelson cover)
Let Me Be There 20 maart 1973 MCA Take Me Home, Country Roads (John Denver cover),
Let Me Be There
Long Live Love 24 juny 1974 EMI Long Live Love
Have You Never Been Mellow 12 febrewaris 1975 MCA Have You Never Been Mellow,
Please Mr. Please
Clearly Love 30 septimber 1975 Something Better to Do,
Let It Shine
Come On Over 29 febrewaris 1976 Come on Over (Bee Gees cover),
Jolene (Dolly Parton cover)
Don't Stop Believin' 30 oktober 1976 Don't Stop Believin',
Every Face Tells a Story (Cliff Richard cover),
Sam
Making a Good Thing Better 3 novimber 1977 Making a Good Thing Better,
Don't Cry for Me Argentina (Julie Covington cover)
Totally Hot 22 novimber 1978 A Little More Love,
Deeper Than the Night,
Totally Hot
Physical 13 oktober 1981 Physical,
Make a Move on Me,
Landslide
Soul Kiss 25 oktober 1985 Soul Kiss,
Toughen Up
The Rumour 2 augustus 1988 The Rumour,
Can't We Talk It Over in Bed
Warm and Tender 9 septimber 1989 Geffen Reach Out for Me (Lou Johnson cover),
When You Wish Upon a Star (Cliff Edwards cover)
Gaia: One Woman's Journey 26 july 1994 Festival No Matter What You Do,
Don't Cut Me Down
Back with a Heart 12 maaie 1998 MCA I Honestly Love You,
Precious Love,
Back with a Heart
'Tis the Season
(mei Vince Gill)
1 septimber 2000 Hallmark
(2) 12 novimber 2002 Festival
Stronger Than Before 1 septimber 2005 Warner
Grace and Gratitude 25 augustus 2006 EMI Instrument of Peace,
Help Me to Heal
Christmas Wish 1 oktober 2007 Warner
A Celebration in Song 3 juny 2008
This Christmas
(mei John Travolta)
9 novimber 2012 Universal
Liv On
(mei Amy Sky & Beth Nielsen Chapman)
7 oktober 2016 Sony
Friends for Christmas
(mei John Farnham)
11 novimber 2016

Cover-album[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label Singles
Indigo: Women of Song 17 oktober 2004 Festival

Soundtrack-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Film Album Utbrocht op Label Singles
Grease Grease
(mei John Travolta)
14 april 1978 RSO Grease,
You're the One That I Want,
Hopelessly Devoted to You,
Summer Nights,
Sandy,
Greased Lightnin'
Xanadu Xanadu
(mei ELO)
8 augustus 1980 MCA Magic,
I'm Alive,
Xanadu,
All Over the World,
Suddenly,
Don't Walk Away
Two of a Kind Two of a Kind
(mei John Travolta)
16 desimber 1983 Twist of Fate,
Ask the Lonely,
Livin' in Desperate Times,
It's Gonna Be Special,
Take a Chance
Sordid Lives Sordid Lives 11 maaie 2001 Varèse Sarabande
Sordid Lives: The Series Sordid Lives: The Series 1 jannewaris 2008
A Few Best Men A Few Best Men 20 jannewaris 2012 Universal Mickey (Chew Fu Fix)

Live-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label
Love Performance 1981 EMI
Highlights from The Main Event
(mei John Farnham en Anthony Warlow)
3 desimber 1998 Festival
One Woman's Live Journey 19 septimber 2000
Olivia's Live Hits 15 jannewaris 2008 EMI
Summer Nights: Live in Las Vegas 3 maart 2015 Sony
Two Strong Hearts Live
(mei John Farnham)
26 juny 2015

Kompilaasje-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op
If You Love Me, Let Me Know 28 maaie 1974
First Impressions 1974
Crystal Lady 1976
Olivia Newton-John's Greatest Hits 1977
Retrato 1981
Olivia's Greatest Hits Vol. 2 3 septimber 1982
Olivia Newton-John Box 3 desimber 1983
Back to Basics:
The Essential Collection 1971–1992
9 juny 1992
Magic:
The Very Best of Olivia Newton-John
11 septimber 2001
The Definitive Collection 2001
Gold 14 juny 2005
40/40: The Best Selection 13 oktober 2010
40th Anniversary Collection 13 desimber 2010
Icon 8 oktober 2013
Hopelessly Devoted: The Hits 8 juny 2018

Singles sûnder album[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Singles[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Single Utbrocht yn
Till You Say You'll Be Mine (Jackie DeShannon cover) 1966
The Grease Megamix
(mei John Travolta)
1990
Grease: The Dream Mix
(mei Frankie Valli en John Travolta)
1991
Hope Is Always Here
(mei David Foster)
2009
Magic
(mei Wacci)
2011
When You Wish upon a Star
The Window in the Wall
(mei Chloe Lattanzi)
2021

Singles as gastmuzikant[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Single Utbrocht yn Mei
I Touch Myself juny 2014 I Touch Myself Project
You Have to Believe 10 augustus 2015 Dave Audé & Chloe Lattanzi

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://archive.is/20120530040401/www.news.com.au/entertainment/story/0,,24973799-10230,00.html
  2. (ned) ad.nl 30-5-2017, Olivia Newton-John heeft weer borstkanker
  3. (ned) nos.nl 8-8-2022, Zangeres en actrice Olivia Newton-John (73) overleden