Conrad Veidt

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Conrad Veidt yn 1941

Hans Walter Conrad Veidt (Berlyn, 22 jannewaris 1893Hollywood, 3 april 1943) wie in Dútsk-Britsk-Amerikaansk akteur. Fan 1916 oant syn dea ferskynde Veidt yn mear as 100 films.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Conrad Veidt en Lawson Butt yn The Beloved Rogue (1927)

Veidt waard 1893 berne yn Berlyn as soan fan Amalie Marie (berne Gohtz) en Phillip Heinrich Veidt. Yn 1914 krige Veidt in ferhâlding mei aktrise Lucie Mannheim. Letter dat jier waard er oproppen foar militêre tsjinst fanwege de Earste Wrâldoarloch; hy tsjinne oant 1917.

Yn 1919 spile er yn Anders als die Andern (fan Magnus Hirschfeld) en yn 1920 hie er in haadrol yn Das Cabinet des Dr. Caligari mei Lil Dagover. Dêrnei hie er haadrollen yn Orlacs Hände (1924) en Das Wachsfigurenkabinett (1924)

Yn de jierren '20 ferhuze er nei Hollywood en spile dêr yn ûnder oaren The Man Who Laughs (1928). Ut reden fan swierricheden mei de taal gie Veidt werom nei Dútslân. Veidt boaske yn 1933 foar de tredde kear oan Illona Prager, in joadske frou út Hongarije. Hy wie in fûleinich tsjinstanner it Nazyrezjym; dêrom ferfear it pear itselde jier noch nei Grut-Brittanje. Dêr helle er syn Ingelsk op en gie fannijs nei Hollywood. Hy krige yn 1942 in rol yn Casablanca. Veidt syn lêste film wie Above Suspicion (1943).

Veidt stoar yn 1943 oan in hertoanfal. Hy waard beïerdige op Ferncliff Cemetery, dêr't in protte ferneamde lju harren lêste rêstplak hawwe.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]