Berjocht:Side fan de wike 2023/wike 7
Vlad III (* tusken 1428 en 1431 – † yn desimber 1476 of jannewaris 1477), byneamd Vlad de Speetser (Roemeensk: Vlad Ţepeş, útspr.: [vlad 'ʦepeʃ], likernôch: "vlad tsee-peesj") of Vlad Dracula (Roemeensk: Vlad Drăculea, útspr.: [vlad 'drəkulja], likernôch: "vlad druh-kûl-ja"), wie yn 1448, fan 1456 oant 1462 en nochris yn 1476 woiwode ("hartoch" of "foarst") fan it Foarstedom Walachije, in steat dy't it súdlike part fan it hjoeddeistige Roemeenje besloech. Hy wie de twadde soan fan Vlad II Dracul, dy't yn 1436 op 'e Walachyske troan kaam. Nei't syn heit en âldere broer Mircea II yn 1447 omkamen by in Hongaarske ynvaazje, brocht Vlad de Speetser jierren yn ballingskip troch.
Doe't er yn 1456 ienris fêst op 'e troan kommen wie, fierde er in bloedige suvering troch ûnder de Walachyske adel. Hy kaam yn konflikt mei de Transsylvaanske Saksers, in rike Dútsktalige minderheid, dy't ferskate oare troanpretendinten tsjin him stipen. Yn 1462 foel Vlad it Osmaanske Ryk binnen en brocht er de Turken swiere nederlagen ta. Doe't er nei Transsylvaanje reizge om dêr om Hongaarske stipe te freegjen, waard er ferret en finzenset. Nei't er yn 1475 frijlitten wie, wist er ein 1476 syn hearskippij wer oer Walachije te fêstigjen, mar syn tsjinstanner, Basarab III, kaam werom mei in Osmaansk leger en Vlad sneuvele yn 'e striid. Tsjin dy tiid wie syn wreedheid legindarysk wurden, en boeken oer dat ûnderwerp hearden ta de earste bestsellers fan it Dútske taalgebiet. Dy reputaasje en syn patronym ynspirearren yn 1897 de Ierske skriuwer Bram Stoker ta it personaazje greve Dracula yn syn roman Dracula. Nettsjinsteande dat wurdt Vlad de Speetser yn Roemeenje beskôge as in nasjonale held.