Woiwode
In woiwode (Súdslavysk: vojvoda of vojvode; Poalsk: wojewoda; Tsjechysk: vojevoda; Roemeensk: voievod; Hongaarsk: vajda) is in fan oarsprong Slavyske oantsjutting út 'e Iere Midsiuwen foar in militêre kommandant yn Sintraal-Jeropa en op 'e Balkan. Letter ûntwikkele de oantsjutting him yn guon gebieten ta in aadlike titel ekwifalint oan hartoch, en yn oare gebieten ta in militêre rang ekwifalint oan generaal of ta de titel fan in provinsjaal gûverneur. Etymologysk komt de term 'woiwode' út it Aldtsjerkeslavysk, fan voj ("oarlochfieren") en vod ("lieder"), dus "oarlochslieder".
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e tiid fan it Byzantynske Ryk wie 'woiwode' in oantsjutting foar de militêre kommandanten fan barbaarske folken, mar yn it foarste plak fan Slavyske befolkingsgroepen, lykas de legeroanfierders fan it Earste Bulgaarske Ryk. De earste kear dat de titel yn in histoaryske boarne fermelden wurdt, is yn it wurk De Administrando Imperio, fan 'e tsiende-iuwske Byzantynske keizer Konstantyn VII, dêr't dermei ferwiisde nei de legeroersten fan 'e (net-Slavyske) Hongaren.
Letter waard 'woiwode' as titel brûkt yn Bohemen, Bosnje, Bulgarije, Hongarije, Kroaasje, Masedoanje, Moldaavje, de westlike Oekraïne (Roeteenje), Poalen, Roemeenje, Rügen, Ruslân en Servje. Yn 'e Lette Midsiuwen waard 'woiwode' yn in protte gebieten synonym mei it Latynske comes palatinus (of paltsgreve), mei as betsjutting in militêre kommandant fan in grinskrite. Dêrtroch ferskode yn Bulgarije, it Poalsk-Litouske Mienebêst, de Tsjechyske lannen (it Keninkryk Bohemen, it Hartochdom Sileezje en it Markgreefskip Moraavje) it Keninkryk Hongarije en dielen fan it Keizerryk Ruslân de betsjutting stadich yn 'e rjochting fan in (militêr) gûverneur fan in (willekeurige) provinsje.
Yn 'e Roemeenske foarstedommen Moldaavje en Walachije ûntjoech 'woiwode' him ta in aadlike titel dy't ekwifalint wie oan hartoch. De foarsten fan Moldaavje en Walachije droegen de titels woiwode en hospodar. It Keninkryk Servje, dat oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw ûnôfhinklik waard, fierde vojvoda yn as in militêre rang dy't ekwifalint wie oan generaal by de lânmacht. It Keninkryk Joegoslaavje brûkte deselde oantsjutting, mar doe't Joegoslaavje nei de Twadde Wrâldoarloch in kommunistysk steatsbestel krige, waarden de âlde rangen út 'e tiid fan it keninkryk ôfskaft.
Yn it Poalsk-Litouske Mienebêst ûntjoech wojewoda him ta in boargerlik amt dat ferfolle waard troch senators en dat gjin aadlike titel wie, noch erflik oerdraachber. It foech en de macht fan in wojewoda ferskilden nei regio, wêrby't de wojewoda fan Roeteenje de minste en dy fan Keninklik Prusen de measte macht en ynfloed hie. Sokke gûverneurs, want dat wiene it eins, waarden oansteld troch de kening, útsein de woiwoden fan Polotsk en Vitebsk. Dêr waarden se nammentlik tradisjoneel keazen by in ferkiezing troch manlike leden fan 'e adel út dy gebieten, wêrnei't se troch de kening yn harren amt befêstige waarden. Yn 1791 waard besletten om alle woiwoden op dy wize oan te stellen, mar de Poalske Dielings, dy't yn 1795 in ein makken oan 'e ûnôfhinklikheid fan Poalen, kearden dat tsjin.
Doe't Poalen yn 1918 syn ûnôfhinklikheid weromwûn, waard it amt fan wojewoda op 'e nij ynsteld. Hjoed de dei hawwe sokke funksjonarissen yn Poalen it tafersjoch oer it bestjoer fan distrikten, de saneamde woiwoodskippen. Dêrby binne se ferantwurdich skuldich oan it nasjonaal regear, en net oan 'e pleatslike of regionale autoriteiten.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side. |
- Aadlike titel
- Militêre rang
- Gûverneur
- Amtlike titulatuer
- Kultuer yn Bosnje-Hertsegovina
- Kultuer yn Bulgarije
- Kultuer yn de Oekraïne
- Kultuer yn Hongarije
- Kultuer yn Kroaasje
- Kultuer yn Moldaavje
- Kultuer yn Noard-Masedoanje
- Kultuer yn Poalen
- Kultuer yn Roemeenje
- Kultuer yn Ruslân
- Kultuer yn Servje
- Kultuer yn Tsjechje
- Foarstedom Moldaavje
- Foarstedom Walachije
- Foarstedom Transsylvaanje
- Lienwurd út it Slavysk