Springe nei ynhâld

Hospodar

Ut Wikipedy

Hospodar is in aadlike titel dy't út it Slavysk komt en letterlik "hear" betsjut. De oarspronklike foarm fan it wurd wie gospodar, en dy foarm komt it hjoed de dei ek noch foar yn it Sloveensk, Kroätysk, Bosnysk, Montenegrynsk, Servysk, Masedoanysk en Bulgaarsk, mei as betsjutting "master" of "hear". It is yn dy talen in ôflieding fan gospod, dat, as it skreaun wurdt mei in haadletter (Gospod) ferwiisd nei God ("de Hear(e)"). In oar besibbe wurd is gospodin (Bosnysk, Bulgaarsk, Kroätysk, Masedoanysk, Montenegrynsk, Russysk en Servysk), dat "menear" betsjut. Yn it Sloveensk hat gospod dyselde betsjutting, yn it Poalsk komt it wurd gospodarz foar ("gasthear" of "presintator"), yn it Russysk gosudar ("soeverein") en yn it Tsjechysk it (argayske) hospodář ("master"). De foarm hospodar komt út it Oekraynsk, dêr't it de betsjutting fan "gasthear" of "hear fan it hûs" hat. Al dy wurden geane tebek op it Proto-Slavyske gospodü (господъ).

As aadlike titel waard 'hospodar' (yn 'e foarm gospodin) yn 1394-1395 koart brûkt troch Ivan Sjisjman, dy't regearre oer it Twadde Bulgaarske Ryk, hoewol't de hearskers dêrfan harsels yn 'e regel as tsaar oantsjutten. Letter wie gospodar yn it Poalsk-Litouske Mienebêst, dat bestie oan 1795, in synonym foar "gruthartoch" (te witten: fan Litouwen), mei't it Aldwytrussysk yn dat steatsferbân ien fan 'e offisjele talen wie. Yn Westjeropeeske talen krong it wurd 'hospodar' lykwols troch fia it Roemeensk, dat gjin Slavyske, mar in Romaanske taal is. De foarsten fan 'e etnysk Roemeenske lannen Moldaavje en Walachije brûkten nammentlik fan 'e santjinde iuw oant 1866, ynsafier't se yn útlânske talen skreaune, de titel 'hospodar' njonken dy fan woiwode. Yn it Roemeensk waard ynstee de titel domnitor brûkt (fan it Latynske dominus), faak ferkoarte ta domn. Yn 1866, doe't de Donaufoarstedommen in personele uny oangiene, waard it oanhâlden fan wat úteinlik in bûtenlânske titel wie, sjoen as ûnfoechsum. 'Hospodar' waard doe folslein ferfongen troch domn, dat de offisjele titel fan 'e foarsten bleau oant de proklamaasje fan it Keninkryk Roemeenje yn 1881.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.